12 finalisten foar SjONG 2010

(Nieuws)


‘Ek al wie it nivo dit jier leger as ferline jier, der sieten dochs wer in pear bjusterbaarlike talinten tusken.’ Dat seit rapper Remon de Jong dy’t dizze wike tegearre mei sjongeres Minke Adema de sjuery foarme fan SjONG, it Frysktalich sjongfestival foar de jongerein. Ut de yn totaal 42 dielnimmers keazen sy úteinlik 12 finalisten.

By de foarrondes op moandei, tiisdei en woansdei wie de spanning betiden om te snijen. It falt dan ek net ta om yn de studio fan Omrop Fryslân op te treden foar allegear kamera’s. Dochs weagen 42 groepen en solisten it derop en as priis krije se yn alle gefallen in fideoklip op YouTube fan harren optreden.

By SjONG skriuwe learlingen sels in Fryske tekst op in besteand popnûmer. Sjuerylid Minke Adema fynt lykwols dat dêr noch wol wat mear omtinken oan jûn wurde mei. ‘In soad teksten rûnen net. Se brûkten ferkearde wurden of te folle wurden, it rime net of it wie min Frysk.’

Dat is mei de reden dat de sjuery dit jier net 15 finalisten oanwiisd hat, lykas ferline jier, mar 12. ‘Mar dy tolve sprongen der dan ek écht út,’ seit Remon de Jong. De finalisten dy’t op sneon 24 april yn teater DOK18 yn Dokkum optrede sille, binne:

1. Amerens Jongsma (fan it mei Simon Vestdijk yn Harns) mei ‘Goudgiel Maitiidsfjild’

2. Jenny & Ard (fan it Magister Alvinus yn Snits) mei ‘Frij’

3. Force (fan it Bogerman yn Wommels) mei ‘Wat at de dei komt?’

4. Zebras Can Fly (fan it Dockingacollege yn Dokkum) mei ‘In moaie simmerdei’

5. Tiny Dijkstra & Band (fan it Dockingacollege yn Dokkum) mei ‘Ik wol dy’

6. Bente (fan it Bogerman yn Snits) mei ‘Lúster’

7. Esther & Marjolein (fan it Liudger yn Burgum) mei ‘Do’

8. Florianne Swart & Patricia van der Wal (fan it Dockingacollege yn Ferwert) mei ‘Wêr’t ik bin’

9. Saskia Zwaan (fan it Marne College yn Boalsert) mei ‘Foar dy’

10. Hadzerr (fan it Piter Jelles Gymnasium yn Ljouwert) mei ‘Ik wol sjonge’

11. Yfke Kampen & Band (fan it Marne College Boalsert) mei ‘Us mearke’

12. Hinke Bijma (fan it Comenius Mariënburg yn Ljouwert) mei ‘Troch ús leafde’

Start met typen en druk op enter om te zoeken..