40 ynskriuwings foar SjONG 2008

(Nieuws)

Nei it súkses fan ferline jier hawwe ek dit jier wer 40 groepen en solisten harren ynskreaun foar SjONG. Oan dizze twadde edysje fan it Frysktalich sjongfestival foar jongerein dogge learlingen fan leafst 18 ferskillende skoallen foar fuortset ûnderwiis mei.

Dit jier binne der foar it earst ek rappers ûnder de dielnimmers. Sy hawwe allegear harren eigen Fryske tekst skreaun hawwe op in besteand pop- of rapnûmer. De lieten wurde songen mei muzyk fan CD of mei begelieding fan echte ynstruminten.

Der binne prizen foar de bêste útfiering en de bêste tekst. Dizze teksten binne fan freed 28 maart ôf te lêzen op www.sjong.nl. Oantemei 15 april kinne besikers fan de website dêr op harren favorite teksten stimme. De tekst mei de measte stimmen krijt de SjONGtekst publykspriis.

Foarrondes
Op tongersdei 27 maart wurde de foarrondes holden by Omrop Fryslân. In sjuery, besteande út rapper Remon de Jong en sjongeres Mink, sil dêr maksimaal 15 dielnimmers útsykje dy’t trochmeie nei de finale.

De finale fynt plak op op tongersdei 17 april om 19.30 oere yn de Koornbeurs yn Frjentsjer. De sjuery foar de finale bestiet út sjongeres Nynke Laverman, rapper Berend Visser en sjonger Robbie van Wieren. Sy sille útmeitsje wat de trije bêste optredens en de trije bêste teksten binne. Ek by dy optredens mei it publyk wer in eigen favoryt oanwize.

YouTube-winner
By de finale sil, nêst Remon en Mink, ek Alie Ludema út Bakhuzen optrede. Sy die ferline jier mei oan SjONG en it filmke fan har optreden is it ôfrûne jier it meast besjoen op YouTube. As priis mei sy har nûmer, ‘Fanôf Hjoed’, by de finale noch in kear foar it fuotljocht bringe.

De winners fan ferline jier, Mariëlle (foto) en Fetske, hawwe krekt in fideoklip fan harren liet ‘De Twastriid’ makke by Omrop Fryslân. Dy klip is meikoarten, krekt as de filmkes fan ferline jier, te sjen op it YouTubekanaal fan Taalsintrum Frysk: www.youtube.com/taalsintrum.

SjONG op televyzje
SjONG is op freed 25 april, 16 maaie en 23 maaie werom te sjen op Nederlân 2 om 10.00 oere en jûns wurdt it werhelle op Omrop Fryslân. Programmamakker Freark Smink folget dêrby alle aktiviteiten fan SjONG; fan it tekstskriuwen en rippetearjen oantemei de foarrondes en de finale.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..