48 dielnimmers foarrondes SjONG 2010

(Nieuws)

Se sizze wolris dat jongeren alles op it lêste nipperke dogge. No, by de organisaasje fan it jongereinsjongfestival SjONG witte se sûnt ferline wike dat dat kloppet. Trije dagen foar de deadline hienen se noch mar 8 oanmeldings, wylst der ferline jier mear as 50 wienen. Op de alderlêste dagen kamen der lykwols noch 40 binnen.

Dêrmei binne der hast like folle dielnimmers oan de foarrondes as ferline jier. En dat jout oan dat it festival, dat dit jier har fjirde edysje belibbet, ûnfermindere populêr is by de jeugd. Dat docht ek bliken út it tal kearen dat de klipkes fan SjONG 2009 op YouTube (www.youtube.com/taalsintrum) besjoen binne: mear as 100.000 kear.

By SjONG skriuwe learlingen út it fuortset ûnderwiis fan 12 oant en mei 18 jier in eigen Fryske tekst op in besteand (pop)nûmer. Yn de foarrondes bringe 43 groepen en solisten harren nûmer foar it fuotljocht. Fiif ynskriuwers hawwe allinne in tekst ynstjoerd en dogge útslutend mei foar de tekstprizen. De oaren stride om in plak yn de finale en úteinlik om de prizen foar de bêste útfiering.

De foarrondes binne op 22, 23 en 24 maart by Omrop Fryslân yn Ljouwert. Studinten fan de oplieding Fotonica yn Drachten meitsje fideoklips fan de optredens. Dy komme op it YouTube-kanaal fan Taalsintrum Frysk.

In sjuery, besteande út rapper Remon de Jong en sjongeres Minke Adema, selektearret maksimaal 15 acts foar de finale op 24 april yn DOK18 yn Dokkum. Omrop Fryslân makket opnames fan de finale en dy wurde útstjoerd op 21 en 28 maaie. Klips fan de finale komme dêrnei ek op YouTube.

Lês hjir de yndieling fan de foarrondes
Dit is noch net de folchoarder fan spyljen. De foarrondes begjinne alle kearen om 14.00 oere. Dielnimmers graach in heal oere yn it foar oanwêzich.

In drumstel, fersterkers en in (digitale) piano binne oanwêzich. Muzikanten moatte sels harren ynstrumint (en evt. effektpedalen) meinimme.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..