52 oanmeldings foar SjONG 2009

(Nieuws)

De populariteit fan SjONG, it Frysktalich sjongfestival foar de jongerein, nimt noch altyd ta. It festival belibbet dit jier har tredde edysje en elk jier wurdt it tal dielnimmers grutter. Mear leafst 52 groepen en solisten fan 26 ferskillende skoallen hawwe harren diskear ynskreaun foar SjONG 2009.

By SjONG moatte learlingen út it fuortset ûnderwiis in eigen Fryske tekst foar it fuotljocht bringe op de wize fan in besteand popnûmer. Dat kin allinnich of yn in groep, mei ‘live’-begelieding of mei help fan in karaokebân. De measte dielnimmers kieze foar it lêste, mar it tal acts mei ‘live’-begelieding nimt ek ta. Sa dogge dit jier 5 bands mei en binne der 10 acts dy’t begelaat wurde op piano of gitaar. Wat ek opfalt is dat der hieltyd mear jonges meidogge. In stik as 25 diskear op in totaal fan 100 dielnimmers.

De foarrondes fan SjONG binne op 16, 17 en 18 maart middeis by Omrop Fryslân yn Ljouwert. In sjuery besteande út rapper Remon de Jong en sjongeres Minke Adema sille dan 15 acts útkieze dy’t trochgeane nei de finale is op sneon 18 april yn teater DOK18 yn Dokkum.

Der binne prizen foar de bêste útfierings en de bêste teksten. Doel fan SjONG is fral om jongeren oan te setten om Frysk te skriuwen. Dêrom meie learlingen dit jier foar it earst ek allinne in tekst ynstjoere om mei te dwaan foar de tekstprizen. Fiif ynstjoerders hawwe dêr dit jier gebrûk fan makke. Harren liettekst sil dus net songen wurde.

Fan de foarrondes en de finale wurde opnames makke troch Omrop Fryslân dy’t op 24 april en 29 maaie útstjoerd wurde op Nederlân 2 om 10.00 oere. Fan de optredens wurde ek filmkes makke dy’t op it YouTube-kanaal fan Cedin/Taalsintrum Frysk setten wurde sille.

En ek dy YouTube-filmkes binne tige populêr. Yn in jier tiid binne de klips fan SjONG 2008 bygelyks mear as 130.000 kear besjoen. Absolute topper is Judith Fledderus, de nûmer 2 fan ferline jier, dy’t nei SjONG bekend waard mei it nûmer ‘Sin, sin, sinne’ fan de kampanje Simmer yn Fryslân fan Omrop Fryslân. Har filmke is mear as 14.000 kear besjoen. Judith is dan ek frege om by de finale fan 2009 in gastoptreden te fersoargjen.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..