Bente Groeneveld wint finale SjONG

(Nieuws)

Se mei dan net sa grut wêze, sjongeres Bente Groeneveld (17) fan Makkum stuts sneon ‘mei kop en skouders’ boppe de rest út by de finale fan SjONG yn teater DOK18 yn Dokkum. Sa’n 350 besikers seagen dat de sjuery fan it Frysktalich sjongfestival foar de jongerein har unanym ta winneres útrôp.

‘Mei har moaie stim en ynlibbe presintaasje joech se ús pikefel,’ sa sei KlipKar-presintatrise Femke de Walle, dy’t mei sjonger Robbie van Wieren en produsint en dirigint Sjoek Nutma de sjuery foarme. Bente, learling fan it Bogerman yn Snits, song op oertsjûgjende wize it nûmer ‘Lúster’, har eigen Fryske oersetting fan ‘Listen’ fan Beyoncé.

Twadde waard de band Zebras Can Fly fan it Dockingacollege yn Dokkum mei it fleurige liet ‘In moaie simmerdei’ (‘Jenny Don’t Be Hasty’ fan Paolo Nutini). ‘Der stie echt in band,’ sa oardielde de sjuery. ‘Boppedat hawwe se in leuke sjongeres.’ De tredde priis gong nei Amerens Jongsma (14) fan Frjentsjer mei ‘Goudgiel Maitiidsfjild’ (‘Fields of Gold’ fan Eva Cassidy).

By SjONG binne der net allinne prizen foar de bêste útfiering, mar ek foar de bêste Fryske teksten dy’t learlingen skriuwe op besteande popnûmers. De tekstsjuery, besteande út de skriuwers Jelle Bangma, Elske Kampen en Douwe Kootstra, beleanne dit jier foaral in stikje orizjinaliteit.

Sa gong de earste priis nei Marije Tolsma (13) fan Parregea mei ‘Falentijn’. De learling fan it Marne Kolleezje yn Boalsert waard troch de sjuery prize om har ‘eigen moaie en sfearfolle tekst’ op it nûmer ‘Make You Feel My Love’ fan Adele. Twadde waard Anke de Vries (15) fan Gytsjerk. De sjongeres fan Zebras Can Fly besette dêrmei twa twadde prizen mei it nûmer ‘In moaie simmerdei’. De tredde priis wie foar Jannieke Semplonius (12) fan it Bogerman yn Koudum mei ‘Tsien Tûzen Stjerren’ (‘Fireflies’ fan Owl City).

Marit Talens (14) fan Marssum wûn de publykspriis foar de bêste tekst mei it nûmer ‘Ik wol sjonge’. De learling fan it Stedelik Gymnasium yn Ljouwert krige 45% fan de yn totaal 340 stimmen foar har tekst op ‘Proud Mary’ fan Tina Turner.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..