De 10 moaiste teksten

(Nieuws)

In sjuery, besteande út de skriuwers Elske Kampen en Jelle Bangma, hat 10 teksten selektearre út de 48 teksten dy’t ynstjoerd binne foar SjONG 2008. 48 teksten en mar 45 groepen en solisten? Ja, dat kin. It AOC yn Snits hat nammentlik wol 3 teksten ynstjoerd, mar se dienen net mei oan de foarrondes.

En wy sille it drekst mar ferklappe: Ien fan harren teksten fûn de sjuery sa ‘echt’ dat er by de 10 selektearre teksten sit. Fierder falt op dat der ek nochal wat teksten tusken sitte, dy’t net de finale helle hawwe.

En no binne jim oan bar! Jim meie jim favorite tekst kieze út dizze 10. Jim kinne de namme (of it nûmer) fan jim favoryt trochjaan fia sjong.nl@gmail.com. De tekst mei de measte stimmen wint de SjONGtekst Publykspriis, dy’t útrikt wurdt by de finale op 17 april yn de Koornbeurs yn Frjentsjer.

De sjuery hat de folgjende 10 teksten keazen (klik hjir om se te lêzen of sjoch op Hyves):

1. Marrit de Vries (OSG Sevenwolden) mei ‘Hert fan myn ferstân’
2. Femke Post (Bornego De Jouwer) mei ‘Hjoed’
3. Femke Veltman (Bornego De Jouwer) mei ‘De stim fan hert’
4. Albert van der Tuin (Drachtster Lyceum) mei ‘De Gitaar’ (foto)
5. Femke Hettema (Bornego It Hearrenfean) mei ‘Einleaze nacht’
6. Afke Teertstra (AMS Frjentsjer) mei ‘In dream’
7. Sietse Baarda, Robert Hendrik Twijnstra, Johannes Popma, Minne Koopmans, Wiebe Bonekamp, Jari Hoekstra, Daniël Jonkhout, Willem Zijlstra en Hans Adema (Marne Boalsert) mei ‘Oh ik haw myn Nikez’
8. Liesbeth Rypma, Ymkje van der Zee, Ciska Rypma en Allard Ketelaar (Marne Boalsert) mei ‘As in mok boppe ’t strân’
9. Anke Bakker en Judith Rypma (Marne Boalsert) mei ‘Wy hearre by elkoar’
10. Hendrika Harkema en Lois van Dillen (AOC Snits) mei ‘Ut elkoar’

Start met typen en druk op enter om te zoeken..