De audysjes fan SjONG: 7 en 8 maaie

(Nieuws)

It sil heve! De perioade fan opjaan is foarby en de oanmeldings binne bekend. De SjONG-dielnimmers geane no de striid oan om de finale te berikken. It mei dan in wedstriid wêze, it is foaral ek in gesellige happening. Want dat is wat de âld-dielnimmers fan de lêste jierren it meast bybleaun is: de gesellichheid. Hoe giet it yn syn wurk fanôf no?

De foarrondes fan SjONG binne op 7 en 8 maaie, de middeis yn de studio fan ROC Friese Poort Drachten. Dy audysjes wurde filme troch studinten fan de oplieding Televisie en mediaproducties. Elk krijt sa syn eigen fideoklip. Dy komme nei de foarrondes op YouTube (www.youtube.com/taalsintrum) te stean. Sa kinne freonen en famylje de audysje ek noch besjen, want by de foarrondes sels is publyk yn ferbân mei it beheinde tal sitplakken net wolkom.

Sjuery
De sjuery fan de foarrondes bestiet dit jier út sjongeres Janneke Brakels en sjonger Raynaud Ritsma. As alle foarrondes west hawwe, sykje Janneke en Raynaud tsien acts út dy’t trochmeie nei de finale fan SjONG 2013. Dy meitsje wy op 8 maaie de jûns bekend fia ús website sjong.nl.

Ekstra optreden finalisten
De tsien finalisten meie tusken de foarrondes en de finale optrede by Noardewyn, it radio- en tv programma fan Omrop Fryslân. Dy optredens wurde live útstjoerd op radio, tv en ynternet. Dy optredens fine plak op freedtemiddei 17 maaie, 24 maaie en 31 maaie.

SjONG tekstpriis
Undertusken sil ek de tekstsjuery drok oan ‘e gong. Sy sille de ynstjoerde teksten beoardielje en de bêste tekst útkieze. Dy sjuery bestiet út de skriuwers Elske Kampen, Jelle Bangma en Douwe Kootstra. De tekstpriis wurdt by de finale op 7 juny bekend makke.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..