Eefkes foarstelle…. de finalesjuery fan SjONG 2009

(Nieuws)

De sjuery foar de finale bestiet út sjongeres/presintatrise Tet Rozendal, ‘allround’ muzykman Meindert Bosklopper en sjongeres Carin Seegers. Hjirûnder stelle wy harren eefkes oan jim foar.

Tet Rozendal
Tet Rozendal is berne yn Veenwouden en wennet no yn Ljouwert. Tet wie fan jongs ôf oan al dwaande mei muzyk en dûnsjen.

Fan 1994 oant 2001 dûnse se by demonstraasjeteam Dance Explosion, wêr’t se ferskate prizen mei wûn. Yn 2000 waard se Nederlânsk kampioen jazz ballet en sa rôle se it profesjonele dûnssirkwy yn. Oant 2006 wie se profesjoneel dûnseres by ûnder oaren The Jungle Warriors.

Fan 2002 ôf gong se har hieltyd mear talizzen op it sjongen en yn 2007 hat se keazen foar in profesjonele sjongkarjêre. Se is doe oannommen by teaterrestaurant Tiatro yn Hoogkerk (Grinslân) en dêr stiet se no trije jûnen yn ‘e wike yn in dinnersjo. Dêrneist hat se noch har eigen optredens en wurdt se ek geregeld frege as presintatrise. Sa hat se ferline jier bygelyks de foardrachtswedstriid FeRstival presintearre.

Sûnt ferline jier stiet se ek op de planken mei it súksesfolle ferskesprogramma ‘Tet Rozendal sjongt Marlene Dietrich yn it Frysk.’ In ferske dêrút, ‘Lilly Marleen’, stie sels al yn de Fryske Top100 fan ferline jier.

Meindert Bosklopper
Meindert Bosklopper (1956) song as 9-jierrich jonkje yn het Ljouwerter jongeskoar ‘De Kleine Cantory’. Hy folge klarinet- en pianolessen en studearre letter Skoalmuzyk. Yn Drachten joech hy les oan de Meldij en liede hy û.o. it mingd koar ‘Melody Mood’, in popkoar avant-la-lettre.

Bosklopper waard yn 1988 direkteur fan de Opsterlânske Muzykskoalle. Mei it mingd koar ‘Full Colour’ fan de skoalle song hy by Simmer 2000 yn it FEC yn Ljouwert. Meindert hat meardere bernekoarecd’s op syn namme stean wêrûnder Kinderen voor Kinderen CD nûmer 11. Fierder wurke hy foar Skoalradio en TV fan Omrop Fryslân, foar Tryater en mei Fryske jeugdteatergroepen makke hy û.o. ‘Sipelsop en Sûkelade’ en ‘De bende fan acht’.

Carin Seegers
Carin Efdé groeide op yn in Ljouwerter gesin wêr’t muzyk deistige kost wie. Heit Jan Efdé song yn ferskate rock ’n roll-formaasjes en ek mem Trees kaam út in muzikaal gesin. Sa song se thús in soad mei sus Elly May en broer John.

Yn de jierren ’80 wie se de fêste ‘backing vocal’ by de Fryske Elvis ‘Hennie Wielinga’. Op dit stuit docht se de eftergrûnsang by it súksesfolle Pink Floyd Project.

Carin sjongt mei sus Elly yn de Ljouwerter Bigband en yn de funky Motown ’70’s-’80’s formaasje Total Loss. Bûten dizze twa fêste formaasjes wurdt Carin tegearre mei har sus geregeld útnoege by ferskate muzykprojekten en docht se û.o. studiowurk en gastoptredens by oare bands.

Carin hat ferskate kearen yn de sjuery sitten by it Bernesjongfestival en makket no dus de opstap nei it jongereinfestival SjONG.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..