Filmkes foarrondes yn earste wykein hast 8000 kear besjoen

(Nieuws)

De filmkes fan de foarrondes binne tige populêr op YouTube. Se binne yn it earste wykein hast 8000 kear besjoen! Dêrmei stie it YouTubekanaal fan Taalsintrum Frysk sneon en snein sels yn de top 20 fan de bêst besjoene kanalen fan Nederlân.

Ek nijsgjirrich nei de filmkes? Klik hjir om nei ús YouTube-kanaal te gean!

Absolute toppers binne de filmkes fan Esther Dijkstra & Willy Buma (1000 kear) en Judith Fledderus (800 kear). Mar dy froulju hawwe harren filmkes dan ek bot promoate by harren freonen en freondinnen op Hyves. Prima idee trouwes!

Fierder litte de besikers op YouTube in soad leuke reaksjes efter en, wat wy wer geweldich fine, dat bart ek in protte yn it Frysk.

Ek de filmkes fan de optredens by de finale komme aanst op YouTube. En dêr is dan noch wat spesjaals by. Mei dy filmkes wurdt nammentlik striden om de SjONG YouTubepriis. Dy priis is foar dyjinge wêr’t it filmke it kommend jier it meast fan besjoen wurdt. Boppedat krijt dyjinge in útnoeging foar in optreden op SjONG 2009.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..