Finalisten trede op by Omrop Fryslân

(Nieuws)

Fantastysk nijs: de finalisten fan SjONG krije in ekstra priis. Sy meie – as tarieding op de finale – optrede by Noardewyn, it muzykprogramma fan Omrop Fryslân.

De finalisten krije in offisjeel optreden yn de studio fan Omrop Fryslân yn Ljouwert. It optreden is live te sjen en te hearren op radio, tv en ynternet (nachts tusken 24.00 en 03.00 oere is de werhelling op tv). De SjONG-toppers meie yn groepkes nei Noardewyn, ferdield oer de trije freedtemiddeis tusken de foarrondes en finale: 17, 24 en 31 maaie. Se sjonge dêr harren eigen nûmer. In ideaal momint om ûnderfining op te dwaan foar de finale dus! De dielnimemrs hâlde der boppedat in filmke op YouTube oan oer, want alle optredens yn Noardewyn komme online. Dochsto mei oan SjONG? Hâld boppesteande data dan frij yn dyn aginda! Mar… earst in goede audysje dwaan fansels, allinne de finalisten krije dizze priis.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..