Finalisten SjONG 2013 bekend

(Nieuws)

Raynaud-PdV

Pfff, wat hienen se it dreech dy sjueryleden… Mar se binne derút! Nei de audysjes fan 7 en 8 maaie 2013 keazen Janneke Brakels en Raynaud Ritsma 12 acts út dy’t troch meie nei de grande SjONG-finale op 7 juny yn De Koornbeurs yn Frjentsjer.

De finalisten dy’t dy jûns op it poadium steane, binne:

 

Suzanna Pleiter (CSG Gaasterlân Balk) mei ‘Fiel my goed’

Joyce de Wit (Bogerman Snits) mei ‘Asto myn leafde wolst’

Britta Kwant (Bogerman Snits) mei ‘Kleuren fan de wyn’

Mirjam Landman (op dit stuit gjin oplieding) mei ‘Winter’

Annemarie Kooij, Anna Siet Algra en Nadine Blaak (Bornego College It Fean) mei ‘Laitsje no mar’

Alicia Plantijn (Bogerman Koudum) mei ‘Sa kin it dus ek’

Rixt Rypma (Bogerman Snits) mei ‘Jou my no dyn lêst’

Amerens Jongsma (RSG Simon Vestdijk Harns) mei ‘Tabé’

Jenny Semplonius (RSG Magister Alvinus Snits) mei ‘Strider yn ‘e striid’

Marije Brouwer (Bogerman Wommels) mei ‘Fyn dyn eigen wei’

Marit Talens en Thomas Engelsma (Piter Jelles Ljouwerter Lyseum) mei ‘As ik foar dy fal’

Laura Jorritsma (Bogerman Snits) mei ‘Ingel’

De finalisten krije sa gau mooglik berjocht oer de fierdere gong fan saken. Foar wa’t net troch is: wy hoopje dat de audysje in hiele moaie ûnderfining west hat en hooplik oant SjONG 2015! Jim dogge fansels noch mei foar de tekstpriis en jim hâlde yn elk gefal in fantastyske fideoklip oer oan jim audysje! Dy komt ein nije wike op YouTube (www.youtube.com/taalsintrum). Alle dielnimmers fan de foarrondes hawwe ek rjocht op 2 frijkaarten foar de SjONG-finale. Bestelle? Stjoer in mailtsje nei sjong.nl@gmail.com. Sjuerylid Janneke Brakels wurdt yn de finale bystien troch Tet Rozendal en Sjoek Nutma. Der is ek in optreden te sjen fan Swalker, de winner fan SjONG 2011. It gewoane publyk kin kaarten (€8,50 it stik) bestelle fia teater De Koornbeurs yn Frjentsjer, www.theaterdekoornbeurs.nl.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..