Kaarten foar de finale fan SjONG 2010

(Nieuws)

Foar de finale fan SjONG op sneon 24 april yn teater DOK18 yn Dokkum biede wy skoallen kaarten oan foar it redusearre taryf fan € 5,- per kaart. Skoallen kinne dy oant en mei tongersdei 15 april bestelle troch in mail te stjoeren nei jd.devries@cedin.nl ûnder fermelding fan de kontaktpersoan, it skoaladres en it tal kaarten. Dy kaarten wurde dan, mei in rekken, noch foar it wykein (fan 17 april) ferstjoerd.

Foar wa’t net fia skoalle kaarten bestelt, betellet € 7,50 per kaart. Dy kaarten binne te bestellen fia sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan namme, adres, tillefoannûmer en it tal kaarten. Dy kaarten kinne dan op 24 april ophelle en ôfrekkene wurde by de kassa fan DOK18.

Yn DOK18 is plak foar 400 minsken, dus wachtsje net te lang mei it bestellen, want fol is fol!

Teater DOK18
Jim fine DOK 18 oan de efterside fan Partysintrum ‘Colosseum’ (dat stiet ek grut op de foargevel fan it gebou).

It adres is: Hogedijken 18-2, 9101 WV yn Dokkum.

Tink derom!!! In navigaasjesysteem bringt jim nei in ferkeard adres. Toets yn: ‘Strobosserweg’ en dan fine jim it Colosseum oan it wetter.

De finale begjint om 19.30 oere (de seal giet in kertierke earder iepen).

Start met typen en druk op enter om te zoeken..