Opjaan foar SjONG 2015

(Nieuws)

SjONG komt der wer oan! Kinsto moai sjonge, goede teksten skriuwe of in ynstrumint bespylje? Doch mei oan de Fryske Voice! 

SjONG is foar learlingen fan 12 oant en mei 18 jier. Om mei te dwaan skriuwe se (eventueel mei help fan in begelieder/dosint) in Fryske tekst op in besteand popnûmer. Dêrmei dogge se audysje. Dat kin solo op in karaokebân, mar ek yn in band, mei live ynstrumintale begelieding. De bêste tsien acts geane troch nei de finale. By SjONG binne prizen te winnen foar de bêste optredens en de bêste songtekst.

Audysjes
De audysjes fan SjONG 2015 binne op 9, 10 en 11 maart 2015, middeis yn de studio fan ROC Friese Poort Drachten. Fan de audysjes wurde fideoklips makke troch studinten fan de oplieding TV- en Mediaproducties. Besjoch hjir in klip fan de foarige edysje fan SjONG. https://www.youtube.com/watch?v=VAs-bFJGcxQ

Finale
De finale is op sneontejûn 11 april 2015 yn Theater Sense yn Dokkum. Finalisten krije de middeis in workshop fan Vangrail-leadsjonger en Tsjek-presintator Raynaud Ritsma.

Orkestbannen
Goede orkestbannen binne somtiden dreech te finen. Wy riede dy útdruklik oan om earst in orkestbân te sykjen en dan pas in Fryske tekst derop te meitsjen! Orkestbannen wêrby’t mei help fan in kompjûterprogramma de stim fuorthelle is, binne net tastien, omdat dêrmei de kwaliteit fan de muzyk hiel bot efterút giet. Foar goede orkestbannen ferwize wy dy nei sites lykas http://www.karaoke-version.com/nl/. Dêr binne foar in pear euro karaokeferskes (ek sûnder eftergrûnsang) del te laden.

Tekstpriis
Learlingen dy’t net sjonge kinne of wolle, meie ek allinne meidwaan foar de tekstpriis. Dielnimmers hoege harren tekst boppedat net perfoarst sels skriuwen, oaren meie dat ek foar harren dwaan. Om mei te dingen foar de tekstpriis moat de tekst (foar it grutste part) skreaun wêze troch immen dy’t 18 jier of jonger is.

Workshop
Studinten fan de oplieding Onderwijsassistent Muziek fan ROC Friese Poort jouwe foar de audysjes in workshop mei tips en trúks foar kandidaten. Sadree’t kandidaten har oanmelde foar SjONG krije se mear ynfo oer dizze (frijwillige) workshop.

Oanmelde
Oanmelde kin fan 5 jannewaris oant 21 febrewaris. Dat kin fia it oanmeldformulier op dizze website (sjoch rjochtsboppe).

Regels
• Alle dielnimmers moatte tusken de 12 en 18 jier wêze.
• In ferske mei net langer as 4 minuten wêze.
• Ferskes moatte yn it Frysk of in Fryske streektaal songen wurde.
• Dielnimmende bands of groepen meie út maksimaal 7 persoanen bestean.
• Opjeftes dy’t binnen komme sûnder Fryske tekst of eventuele orkestbân, binne net jildich.

Fragen
Noch fragen? Stjoer in mailtsje nei sjong.nl@gmail.com.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..