Marije Brouwer wint SjONG YouTube-priis

(Nieuws)

Sjongeres Marije Brouwer wint mei hat nûmer ‘Fyn dyn eigen wei’ de SjONG YouTube-priis fan 2015. Marije har filmke (fan de audysje fan SjONG 2013) waard de ôfrûne twa jier mear as 3900 kear besjoen op YouTube. De sjongeres krijt de priis útrikt by de finale fan SjONG 2015. Dy is op sneontejûn 11 april yn Theater Sense yn Dokkum.

De klips fan SjONG komme op YouTube. De act mei de measte ‘views’ wint by de folgjende SjONG de YouTube-priis. Peildatum fan dit jier wie 1 febrewaris 2015.

[youtube]qPKclqAmZ4s[/youtube]

Start met typen en druk op enter om te zoeken..