Marjolein Holwerda wint YouTubepriis

(Nieuws)

It finalefilmke fan Marjolein Holwerda fan SjONG 2009 is dit jier it meast besjoen op YouTube. Mei 5900 ‘views’ bleau sy Eline, Anke & Tiny mei rom 5800 sjoggers mar krekt foar. En de nûmer 3, Saskia Zwaan, wie ek noch altyd goed foar 4700 ‘views’.

De filmkes fan SjONG wurde trouwens hieltyd populêrder. Sa waarden de filmkes fan SjONG 2009 mear as 100.000 kear besjoen. Yn totaal stiet de teller fan alle SjONG-edysjes rom oer de 300.000.

De YouTubepriis wurdt útrikt by de finale fan SjONG op 24 april o.s. Marjolein sil dan har ferske ‘Dêr Bisto’ (orizjineel ‘There You’ll Be’ fan Faith Hill) noch in kear foar it fuotljocht bringe.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..