Nûmer skriuwe lestich? Tsjek de tips!

(Nieuws)

Oanmelde foar SjONG is net samar klear. Do moatst ommers earst in nûmer skriuwe. Yn it Frysk! Bêst lestich. Mar gjin noed: wy jouwe sa no en dan skriuwtips. Op Twitter. En yn dit artikel steane alle tips nochris op in rychje. Doch der dyn foardiel mei!

Tip 1
Kies in ûnderwerp dat by dy past. Bist gek op dyn hûn of hast it altyd drok? Skriuw dêroer! It skriuwt makliker asto foar in ûnderwerp kiest dat dy ynteresearret. Hâld it ticht by dysels, dan komt de ynspiraasje fansels.

Tip 2
Hast in nûmer fûn dêr’tst dyn tekst op skriuwe wolst? Wit dan datst it nûmer net letterlik hoechst te fertalen. In eigen, persoanlike tekst skriuwe is makliker. Fertale mei, mar hoecht dus net!

Tip 3
It refrein fan in nûmer is hiel belangryk. Dat bliuwt hingjen by it publyk, omdat dat meardere kearen foarkomt yn it nûmer. Soargje der dus foar dat dat stikje tekst stiet as in hûs! Tip: brûk dúdlike, koarte en pakkende sinnen foar it refrein. Net te yngewikkeld meitsje, want dan kinne minsken it net nei ien kear meisjonge. In catchy refrein is de kaai nei súkses!

Tip 4
Songteksten rime faak. Dochs is dat net in must. As de lêste wurden fan de sinnen allinnich al deselde klank hawwe, klinkt it ek al moai. Wolst dochs graach in rimende tekst hawwe? En slagget dat net hielendal? Sjoch dan op www.rymwurdboek.nl. In Fryske rymwurden-site. De rimelderij dêr is net altyd like goed, mar wa wit, hast der wat oan.

Tip 5
Gjin ynspiraasje? No worries, dat ‘writersblock’ giet fansels wer oer. Bliuw net te lang staren nei dat lege stik papier, mar gean efkes wat oars dwaan. Surfe op ynternet of nei ferskes lústerje dy’tsto hiel leuk fynst. Wêrom fynst dy leuk? Kinst eleminten út dy nûmers miskien brûke foar dyn eigen tekst?

Tip 6
Is dyn tekst klear? Lit dyn dosint Frysk dan nei de tekst sjen. Of immen oars dy’t goed Frysk skriuwe kin. Hy of sy kin de tekst kontrolearje op flaters. En – last but not least: lit dyn tekst ek lêze oan dyn dosint muzyk. Of in sjonglearaar. Dy sjocht oft de tekst lekker rint op de muzyk. Super belangryk fansels!

Start met typen en druk op enter om te zoeken..