Nynke Gijsen grutte winner SjONG 2015

(Nieuws)

Parseberjocht
12 april 2015

NynkeGijsen-fotoPieterDeVries

‘In prachtige stim, goede sjongkwaliteiten en in natuerlike poadiumpresintaasje.’ Sa oardielde de sjuery sneon oer Nynke Gijsen. Nynke (13) is de winner fan SjONG, it Frysktalige sjongfestival foar jongerein dat hâlden waard yn teater Sense yn Dokkum. Sa’n 250 besikers seagen hoe’t Nynke harsels nei de oerwinning song mei it nûmer ‘Foar no en altyd’, har eigen Fryske oersetting fan ‘You’ve got a friend’ fan Carole King. En Nynke hie noch mear súkses: se pakte ek de tredde priis by de prizen foar de bêste Fryske songteksten.

‘Fantastysk hoe’t Nynke har nûmer brocht. Sa natuerlik, it wie krekt as hie se gjin senuwen en song se net foar publyk’, sei sjongeres Janneke Brakels. Mei Elske DeWall en Sjoek Nutma foarme sy de muzyksjuery fan SjONG 2015. Unanym keazen se foar it famke út Heech dat nei skoalle giet op it Bogerman yn Snits. Behalve de Johan Bloem Bokaal, de wikselpriis fan SjONG, wint Nynke in optreden yn Noardewyn Live, it muzykprogramma fan Omrop Fryslân.

Twadde en tredde priis
De twadde priis gong nei de band Kings of Diamonds mei Jelmer Braaksma (16), Thijs de Jong (16), Carlo Salakory (17), Mart de Jong (16) en sjongeres Jantine van der West (16). De band fan it Drachtster Lyseum rockten fan it poadium ôf mei it nûmer ‘Ik bin it sêd’, in cover fan ‘I want it all’ fan Queen. Om’t de sjuery net rjocht út ‘e ried komme koe, rikten se twa tredde prizen út. Dy wienen foar it duo Syta & Marije en solist Jente Semplonius. Syta van der Pas (14) en Marije Dijkstra (14) fan Liudger Burgum brochten ‘Mei ik dan by dy?’, de Fryske ferzje fan ‘Mag ik dan bij jou?’ fan Claudia de Breij. ‘De timing en it pianospul fan dit duo wie geweldich’, neffens de sjuery. Jente Semplonius (12) pakte de trije sjueryleden yn mei syn prachtige stim. De learling fan it Marne College yn Boalsert song ‘Ingel mei blauwe eagen’, oftewol ‘Angel in blue jeans’ fan Train.

Bêste songteksten
Ek dit jier wienen der wer tekstprizen foar de bêste songteksten. Tekstsjueryleden Douwe Kootstra, Elske Kampen en Jelle Bangma krigen sa’n 110 teksten om te beoardieljen, ôfkomstich fan dielnimmers dy’t audysjes dienen om yn de finale te kommen én dielnimmers dy’t allinne meidienen foar de teksprizen.

1 Ilja Dijk (17) mei ‘Dizze Wrâld’, in tekst op it nûmer ‘Beautiful’ fan Christina Aguilera
2 De band No Music No Life mei ‘Ik fiel my frij’, Fryske tekst op it nûmer ‘Counting Stars’ fan One Republic
3 Nynke Gijsen (13) mei ‘Foar no en altyd’, op it nûmer ‘You’ve got a friend’ fan Carole King

Marije Brouwer (17) gong nei hûs mei de SjONG YouTube-priis. Har klip ‘Fyn dyn eigen wei’ fan SjONG 2013 waard mear as 4500 kear besjoen op YouTube. Dat oantal views wie genôch om de YouTube-priis te winnen.

SjONG
SjONG is it Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, organisearre troch it sintrum meartaligens fan Cedin. It fûn foar de sande kear plak yn 2015. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer. Dêrmei dogge se audysje, mei ‘live’-begelieding of mei in karaokebân. De bêste dielnimmers fan de foarrondes geane troch nei de finale. Dielnimmers meie ek allinne in Fryske songtekst ynstjoere en sa meidwaan foar de prizen foar de bêste songteksten. Sy dogge dan gjin audysje. Doel fan SjONG is om jongeren te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..