Oanmelde foar SjONG 2008

(Nieuws)

SjONG 2008 stiet foar de doar! Foar sneon 15 maart kinne learlingen fan 12 oantemei 18 jier harren wer oanmelde foar dit Frysktalige sjongfestival. Se moatte dêrby in eigen Frysktalige tekst op in besteande melodij foar it fuotljocht bringe. Dat kin ‘live’ of mei in orkestbân.

Dit jier is der ek in aparte kategory foar rappers. F-Rap, hawwe wy dy neamd. Dêrmei hoopje wy benammen ek jonges foar it sjongfestival te ynteressearjen. Ek sy moatte in eigen Frysktalige tekst skriuwe en dy op in besteande of selsmakke beat ten gehoare bringe.

Foar elke skoallokaasje jildt in maksimum fan 5 dielnimmers oan SjONG en 3 dielnimmers yn de kategory F-Rap. As der mear potinsjele dielnimmers binne, is it oan de skoalle sels om in eigen foarronde te organisearjen om út te meitsjen wa’t meidwaan meie.

De foarrondes fan SjONG/F-Rap binne op tongersdei 27 en freed 28 maart yn it gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert. Oer de dei en tiid krije de dielnimmers nei oanmelding sa gau as mooglik berjocht.

De finale is op tongersdei 17 april om 19.30 oere yn teater de Koornbeurs yn Frjentsjer. De winners meie in fideoklip opnimme by Omrop Fryslân.

Om dielnimmers te helpen by it skriuwen en/of ferbetterjen fan harren teksten, biedt Taalsintrum Frysk in wurksjop SjONG oan yn de moanne febrewaris. Dizze muzikale wurksjop wurdt jûn troch Johan Bloem en Jouke Douwe de Vries, dy’t beide romme ûnderfining hawwe as muzikant en tekstskriuwer. De wurksjops binne fergees en kinne nei skoaltiid holden wurde of ynpast wurde yn bygelyks de reguliere muzykles. Foar mear ynformaasje en/of oanmelding kinne jim in mailtsje stjoere nei sjong.nl@gmail.com

Foar orkestbannen ferwize wy jim graach nei de site http://www.karaoke-version.com/nl/. Dêr kinne fergees of foar in pear euro orkestbannen delladen wurde.

Oanmelde kin troch it oanmeldingsformulier del te laden, yn te follen en werom te stjoeren (de ynstruksjes steane op it formulier).

Wy sjogge jim oanmeldings foar SjONG/F-Rap en/of de wurksjop graach yn ‘e mjitte.

Johan Bloem en Jouke Douwe de Vries
Taalsintrum Frysk

Start met typen en druk op enter om te zoeken..