SjONG 2008: Ynformaasje foar de dielnimmers

(Nieuws)

Bêste dielnimmers en dosinten,

Wy hawwe mear as 40 ynskriuwings binnenkrigen foar SjONG 2008. Geweldich, fine wy dat! Wy wolle jimme yn it earste plak dan ek tige tankje foar jim dielname.

Yn dizze mail fine jim wichtige ynformaasje oer de 2 foarrondes. Dizze wurde beide hâlden op tongersdei 27 maart o.s. yn de studio’s fan Omrop Fryslân oan de Zuiderkruiswei 2 yn Ljouwert. De earste foarronde is fan 10.30 oant 12.30 oere. De twadde foarronde is fan 13.30 oant 16.00 oere.

Oer de bylage
• Yn de bylage fine jim it skema fan optreden mei dêrby de ynformaasje sa’t wy dy fan jimme krigen hawwe. Wolle jimme dizze ynformaasje neisjen op flaters? En wolle jim dy sa gau as mooglik oan ús trochjaan? (fia j.bloem@cedin.nl of j.devries2@cedin.nl)

• Guon fakjes binne griis kleure om’t wy noch net alle gegevens (teksten bygelyks) binnen hawwe. Wolle dyjingen dy’t dat oanbelanget dy saken ek sa gau as mooglik (uterlik 25 maart) oan ús trochjaan?

• It kin ek wêze dat der noch guon misse op de list, om’t dy harren noch net opjûn hawwe of om’t der wat misgien is. Wolle dy harren ek sa gau as mooglik melde? Dat kin dizze wike noch. It oanmeldingsformulier is te finen op www.sjong.nl.

Oer de foarronde
• Alle soundmiksers moatte sels de CD mei harren begeliedingsmuzyk meinimme. Mocht dy orkestbân noch problemen opsmite, nim dan sa gau as mooglik eefkes kontakt mei ús op (j.devries2@cedin.nl). Miskien kinne wy noch wat foar jim betsjutte.

• Foar de dielnimmers mei ‘live’-begelieding jildt dat jim sels jim eigen ynstruminten meinimme moatte. In piano is oanwêzich. Foar de trije bands jildt dat wy de band fan Dockinga VMBO TH frege hawwe om harren drumstel en fersterkers ek foar de oaren beskikber te stellen.

• Dielnimmers oan de earste foarronde wurde om 10.00 oere ferwachte by Omrop Fryslân.

• Dielnimmers oan de twadde foarronde moatte om 13.00 oere oanwêzich wêze.

• Dielnimmers wurde opfongen yn de grutte radiostudio. Begelieders en oare belangstellenden kinne terjochte yn it Mediakafee fan Omrop Fryslân. Sy kinne dêr op in skerm te ferrjochtings fan de dielnimmers folgje. De eigenlike foarronde (ynklusyf televyzje-opnames) fynt plak yn de grutte televyzjestudio. De dielnimmende groepen en solisten geane dêr ien foar ien hinne.

• Alle dielnimmers krije 6 minuten de tiid. Der is earst in koarte soundcheck en dêrnei bringe se harren nûmer foar it fuotljocht. It sjuerykommintaar folget drekst dêrnei.

• Uteinlik wurde maksimaal 15 finalisten útsocht foar de finale. De sjuery bestiet wer út rapper Remon de Jong en sjongeres Mink (Minke Adema). De útslach wurdt jûns om 19.00 oere bekend makke fia www.sjong.nl.

Oer de teksten
In seleksje fan de bêste 10 teksten (dat hoege net deselde teksten te wêzen as dy fan de finalisten!) komt op freed 28 maart op www.sjong.nl te stean. Dêr kin oant 15 april fia sjong.nl@gmail.com op stimd wurde. Elk kin syn/har favoryt trochjaan. De tekst mei de measte stimmen wint de SjONGtekst Publykspriis. Dy wurdt útrikt by de finale op 17 april. De stimmers meitsje kâns op in moaie priis. De winner dêrfan wurdt ek op 17 april bekend makke.

Op freed 11 april komme de 10 bêste teksten ek yn de bylage Freed fan de Ljouwerter Krante!

Oer de presintaasjewurksjop
Foar de finalisten is der op freed 4 april om 14.00 oere in presintaasjewurksjop. Dizze wurdt jûn troch Remon & Mink. Dielnimmers kinne dêr wurkje oan it ferbetterjen fan harren presintaasje.

Oer de finale
• De finale is op tongersdei 17 april yn de Koornbeurs yn Frjentsjer. De jûn begjint om 19.30 oere en sil om likernôch 22.00 oere ôfrûn wêze.

• De sjuery foar de finale bestiet út sjonger Robbie van Wieren (fan de band Van Wieren), sjongeres Nynke Laverman en rapper Berend Visser (fan it duo Bearnd Baas en Smaarge Skep). Alle finalisten krije in sjueryrapport.

• Der binne prizen foar de trije bêste optredens en foar de trije bêste teksten. Fierder is der in publykspriis foar it bêste optreden. De winner fan de sjuerypriis foar it bêste optreden mei boppedat in fideoklip opnimme by Omrop Fryslân. De fideoklip fan de winners fan ferline jier, Mariëlle & Fetske mei ‘De Twastriid’, is meikoarten op it YouTubekanaal fan Taalsintrum Frysk te sjen: www.youtube.com/taalsintrum.

• By de finale binne der optredens fan rapper Remon en sjongeres Mink en fan Alie Ludema, de winneres fan de SjONG YouTubewedstriid. Har filmke is it ôfrûne jier it meast besjoen op it YouTubekanaal fan Taalsintrum Frysk. De nûmer 2 wie Eke van der Bijl en Bente Groeneveld wie tredde.

• Alle finalisten komme dit jier ek wer op YouTube.

Alle dielnimmers krije 2 frijkaarten foar de finale. Tekstskriuwers (as dat oaren binne as de dielnimmers) krije elk 1 frijkaart. De kaarten foar de finale kostje € 5,- it stik. Dielnimmers en dosinten kinne fia harren skoalle yn it foar kaarten bestelle by Taalsintrum Frysk tsjin it redusearre taryf fan € 2,50 de kaart. Dat kin troch in mail te stjoeren nei j.bloem@cedin.nl of j.devries2@cedin.nl. Wy soenen it moai fine as hiele klassen komme soenen om harren kandidaten oan te moedigjen. Wachtsje dus net te lang mei bestellen, want fol is fol.

SjONG op Omrop Fryslân
Fan alle dielnimmers wurde opnames makke troch Omrop Fryslân. Op freed 25 april, 16 maaie en 23 maaie binne parten dêrfan werom te sjen op Nederlân 2 om 10.00 oere en jûns wurdt it werhelle op Omrop Fryslân. Programmamakker Freark Smink folget dêrby alle aktiviteiten fan SjONG; fan it tekstskriuwen en rippetearjen oantemei de foarrondes en de finale.

Mochten jim dochs noch fragen of opmerkings hawwe, dan hearre wy dat graach fia de earder neamde emailadressen of fia sjong.nl@gmail.com.

Mei freonlike groetnis,
Johan Bloem en Jouke Douwe de Vries

De bylage kinne jim hjir dellade

Start met typen en druk op enter om te zoeken..