SjONG 2015: 130 dielnimmers

(Nieuws)

Mear as 130 jongeren hawwe har ynskreaun foar SjONG 2015. Der binne 23 bands en solisten dy’t audysje dogge en 36 bydragen dy’t allinne meidogge foar de tekstpriis. It Frysktalige sjongfestival SjONG is foar jongerein tusken 12 en 18 jier fynt dit jier foar de sechsde kear plak.

Fan de acts dy’t audysje dogge begeliedt de helte harsels mei eigen ynstruminten, de oare helte sjongt op in orkestbân. Alle dielnimmers hawwe in eigen Fryske tekst skreaun op in besteand popnûmer. Der is ien dielnimmer dy’t ek de muzyk sels skreaun hat. Yn totaal dogge der 15 middelbere en MBO-skoallen oan mei. By SjONG binne prizen te winnen foar de bêste útfiering en de bêste tekst. It twajierlikse festival wurdt organisearre troch Cedin.

Audysjes
De audysjes fan SjONG binne op 9, 10 en 11 maart yn de studio fan ROC Friese Poort Drachten. In sjuery, besteande út Raynaud Ritsma en Jort Landman (Vangrail), siket 10 finalisten út dy’t trochmeie nei de finale. De audysjes wurde filme troch studinten fan de oplieding Televisie en Mediaproducties. Elk krijt sa syn eigen fideoklip. Dy komme nei de foarrondes op YouTube te stean.

Ekstra optreden finalisten
De tsien finalisten meie tusken audysjes en de finale optrede by Noardewyn fan Omrop Fryslân. Dy optredens wurde live útstjoerd op radio, tv en ynternet.

Finale
De finale fynt plak op sneon 11 april om 19.30 oere yn Theater Sense yn Dokkum. De finalisten wurde op dy finale tarieden mei in workshop fan Raynaud Ritsma. Behalve de trije bêste acts, wurdt de tekstpriis ek op de finale bekend makke. Dêrneist is der in SjONG-YouTube-priis, de priis foar it bêst besjoene filmke fan SjONG 2013. Alle filmkes binne te sjen op it YouTubekanaal fan Cedin/Meartaligens: www.youtube.com/taalsintrum.

Cedin en Friese Poort Drachten
Cedin wurket foar SjONG gear mei in tal opliedingen fan ROC Friese Poort Drachten. Sa binne lûd en oanklaaiïng fan it poadium yn hannen fan studinten Podium- en Evenemententechniek, studinten Onderwijsassistent Muziek jouwe in workshop oan de dielnimmers, studinten Televisie en Mediaproducties filmje de audysjes en studinten Art en Design ûntwikkelje bylden foar sosjale media.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..