SjONG 2021 giet troch!

(Nieuws)
Hoi allegear,
Hoe giet it mei jim!? Wy hoopje goed! Dat jim sûn en fleurich binne. Want dizze tiden bringe in soad ûnsekerheid mei ‘m mei. Fansels hawwe wy as organisaasje it útgebreid hân oer SjONG 2021. Wat dogge wy? Utstelle, ôfblaze of trochgean litte?
Om’t der foar de jeugd al sa’n soad cancelle wurdt en eins alle leuke dingen net mear trochgean, hawwe wy besluten om SjONG 2021 wól trochgean te litten. Mei de techniken fan hjoeddedei hawwe wy hiele leuke en coole mogelikheden betocht foar at wy oerskeakelje moatte op plan B.
It wurdt, hoe dan ek, in hiel moai event! En hoe fijn is it om op skoalle en thús wer mei dyn passy oan ‘e gong te kinnen? Muzyk meitsje! Sjonge! Skriuwe!
Wy roppe jim dan ek foaral op om wer mei te dwaan! As kandidaat, as begelieder of as SjONG-fan! Neam it, spread the word. Wy binne allegear wol ta oan wat moais om nei út te sjen!
Opjaan kin oant 1 febrewaris 2021.
OANT SjONG!
Muzikale groetnis, Team SjONG

Start met typen en druk op enter om te zoeken..