Oer SjONG

SjONG junior (earder Sjongfestival foar Bern) is in twajierliks Frysk sjongfestival foar basisskoallen. En dat net allinne… It is ien grut muzikaal avontuer foar groep (6,) 7 en/of 8!

Dat begjint mei it folgjen fan in online muzykles fan Raynaud. Krij tips en trúks oer koarsang en sjong mei de groep sa moai mooglik in Frysk of meartalich liet. Wolle jim fierder? Stjoer it einresultaat op en meitsje kâns op in finaleplakje. De finaleskoallen skriuwe mei de hiele klasse ûnder begelieding fan Raynaud en oare muzykprofessionals in eigen (skoal)liet. Dêrby wurde se folge troch de kamera’s fan Omrop Fryslân Tsjil. Ferfolgens skitterje se mei dat eigen liet yn de grutte finale-show yn De Lawei yn juny 2024. Wa wurdt de winner fan SjONG junior?

SjONG junior wurdt elk even jier organisearre. De earstfolgjende edysje is yn 2024.

 

Meidwaan mei SjONG junior?

Stap 1

Folgje de Muzykles
(Allinne de muzykles folgje mei ek, mar fierder gean nei stap 2 is noch leuker!)

Stap 2

Stjoer it einresultaat op

Stap 3

De 8 finaleskoallen skriuwe ûnder begelieding in eigen (skoal)liet

Stap 4

Grutte finale-show

Stap 5

Winner SjONG junior

It lêste nijs

This error message is only visible to WordPress admins
Error: There is no connected account for the user sjongfestival.

Nei de finale?

Dan winst dit jier in profi music video!