Net nei skoalle ta

Do                        hast wer wekker lein fannacht
En ek no              hat it dy wer yn de macht
Nimmen              wit it fjochtsjen fan dy
En net ien            wit de spûken op dyn wei
Seist tsjin my, “`t leafst gie `k hjir wei”, hiel fier hjir wei

Net nei skoalle ta, wolst net mear
Net nei skoalle ta, kinst it hast net mear
Want dyn kop sit sa fol, mei alles sa fol
En it giet net fuort, `t giet net fuort

Do                        mei dyn grimels yn dyn kop
Lykas no              wannear hâldt dat no ris op
“Lit dy,                lit dy hjoed toch mei rêst”
En ek my            en dan hâldsto my mar fêst
`k Siz tsjin dy,  ik gean mei dy mei, hiel fier mei dy

Net nei skoalle ta, wolst net mear
Net nei skoalle ta, kinst it hast net mear
Want dyn kop sit sa fol, mei alles sa fol
En it giet net fuort, `t giet net fuort

it is altyd drok, It is fierste drok,
En it giet mar troch en it hâldt net op

Net nei skoalle ta, wolst net mear
Net nei skoalle ta, kinst it hast net mear
Want dyn kop sit sa fol, mei alles sa fol
En it giet net fuort, `t giet net fuort