Heit en mem tinke te witten wat it bêste is foar my
Want sa hat it altyd west
Ús mem tinkt dat ik dokter wurd
En ús heit leauwt yn advokaat
‘Hey’ (allen)
Mar wat is dat no foar praat
Ik wol letter sjefkok wurde
Ik wurd stukadoar
Ik wurd letter timmerman
Dan meitsje ik in doar
Wy wolle mei ús hannen wurkje
Mei in hammer of in boar
It moaiste op de hiele wrâld
is wat meitsje foar in oar
Wat as elkenien aanst hbo of uni docht
dan bestiet de fakman aanst net mear
wa bakt dan myn bôle,
wa slacht dy spiker rjocht
‘Hey’ (allen)
knoopje dat hiel goed yn dyn ear
Ik wol letter sjefkok wurde
Ik wurd stukadoar
Ik wurd letter timmerman
Dan meitsje ik in doar
Wy wolle mei ús hannen wurkje
Mei in hammer of in boar
It moaiste op de hiele wrâld
is wat meitsje foar in oar
Hey, mar wat no as aanst elkenien dokter wurdt
Of minister fan ús lân
Dan sitte al dy heechoplieden minsken thús
dat kin dochs net
Dus de hannen út ’e bûse
Jaaaaaaa! (allegear)
Ik wol letter sjefkok wurde
Ik wurd stukadoar
Ik wurd letter timmerman
Dan meitsje ik in doar
Wy wolle mei ús hannen wurkje
Mei in hammer of in boar
It moaiste op de hiele wrâld
is wat meitsje foar in oar
Tekst
Raynaud Ritsma
Muzyk
Kees van der Meer
Produksje
Kees van der Meer
Copyright SjONG junior © 2022. SjONG junior wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.
Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Frysk, foar no en letter – www.taalplan.frl