Game fyn ik saai.
Ik ha mear mei moal en aai.
Ik wol bakke.
Taarten bakke.
‘t Giet der mar om wei.
Want ik doch it elke dei.
Ik wol bakke.
Taarten bakke.
Troch de wike appeltaart.
Bavarois of op in plaat. Da’s in makkie!
Komst op sneon hasto in bof!
Chille mei hiel tof bist myn mattie :
Willetaart!
Do, kom der ek mar by.
Hjir is in klus foar dy.
As ik rôlje, roersto yn de kom.
It wurdt in coole taart mei sûkeladeblom!
Dit moat op TV! YES ! HERE WE COME! !
Game fyn ik saai.
Ik ha mear mei moal en aai.
Ik wol bakke.
Taarten bakke.
‘t Giet der mar om wei.
Want ik doch it elke dei.
Ik wol bakke.
Taarten bakke.
Wege, knede, oven hyt.
Hiele keuken yn ‘t wyt. Lekker grieme.
En de mikser draait mar troch.
Krêm is noait genôch …. Fan al dat slinen
krijsto spyt!
Do, kom der ek mar by.
Hjir is in klus foar dy.
As ik rôlje, roersto yn de kom.
It wurdt in coole taart mei sûkeladeblom!
Dit moat op TV! YES! HERE WE COME! !
Do, kom der ek mar by.
Hjir is in klus foar dy.
As ik rôlje, roersto yn de kom.
It wurdt in coole taart mei sûkeladeblom!
Dit moat op TV! YES ! HERE WE COME! !
Tekst
Giny Bastiaans
Muzyk
Nathaniël van Veenen
Produksje
Kees van der Meer
Copyright SjONG junior © 2022. SjONG junior wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.
Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Frysk, foar no en letter – www.taalplan.frl