SjONG is in twajierliks Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en Mei 18 jier. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand popnûmer, folgje workshops fan professionele muzikanten/tekstskriuwers en dogge audysje. Dat kin as band, duo, solist of betink it mar. Se begeliede harsels of sjonge op in karaokebân. De bêste dielnimmers fan de foarrondes geane troch nei de grutte finale yn Neushoorn.
SjONG wurdt elk ûneven jier organisearre. De earstfolgjende edysje is yn 2023.
Yn 2021 wie der fanwege de Covid-19 pandemy gjin grutte finale op it poadium fan Neushoorn, mar der wie wol wat superfets foar de 3 winners fan de audysjes. Sy krigen in superprofi directed music video fan harren SjONG-nûmer!
Tadaaa! Wy hawwe in nije smoel! Wat fine jim derfan? Binne it logo en de poster net pronkjes?
Dit alles hat ek nochris in hiele leuke reden, SjONG hat in suske krigen: SjONG junior! Dat is it Fryske sjongfestival foar basisskoallen. @sjongjunior fynt dit jier plak en SjONG is der gewoan wer yn 2023. In hiele moaie gearwurking wêr't wy superwiis mei binne!
#Sjong #Frysk #looks …
Noch 1x yn de spotlight: @tara.dpx & @maytte.x Superleuk dat jim derby wiene! 😘
📸 Piet Douma …
Copyright SjONG © 2022. SjONG wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.
Foar groep (6,) 7 en 8 basisskoalle organisearje wy SjONG junior.
Copyright Sjongfestival © 2022. It Sjongfestival wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.
Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Frysk, foar no en letter – www.taalplan.frl