Lesdoel: Yn dizze muzykles skriuwsto in Fryske tekst op in besteande hit. De website www.frysker.nl en professionele muzikanten helpe dy ûnderweis. Sukses!
Dé tip út dit filmke:
Kies in nûmer dat by dy past. By dy as persoan en by dyn stim. Kinsto it ferske maklik sjonge? Is it net te heech of te leech? Dan past it by dyn stim. Begrypsto goed wêr’t de tekst oer giet? Dat skeelt ek, want in liet dat dy oansprekt, sjongt makliker en kinst better oerbringe op publyk.
Dé tip út dit filmke:
Sykje muzikanten, want mei-elkoar muzyk meitsje is it alderleukst! Oars kinst sjonge op in karaokebân. Tsjek dan earst www.karaoke-versie.nl foar in begeliedingstrack.
Hoera!
Dyn Fryske songtekst is klear! Tiid om dy oan te melden foar SjONG! Oant SjONG!
Copyright SjONG © 2022. SjONG wurdt organisearre troch Cedin, mei help fan Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.
SjONG is de grutte broer fan SjONG junior, foar de groepen (6), 7 en 8 fan de basisskoalle.
Copyright Sjongfestival © 2022. It Sjongfestival wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.
Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Frysk, foar no en letter – www.taalplan.frl