Skriuw dy NO yn foar SjONG 2013!

(Nieuws)

SjONG, de Fryske Voice, komt der wer oan! Bisto tusken de 12 en 18 jier en kinst goed sjonge of muzyk meitsje? Jou dy dan op fia boppesteande button. Betink in leuke Fryske tekst op in besteand popnûmer en doch mei oan de audysjes! Dat kin allinne of yn in groep, mei ‘live’-begelieding of mei help fan in orkestbân. Jou dy op foar 8 april.

By SjONG binne prizen te winnen foar de bêste optredens en foar de bêste songtekst. Om mei te dwaan oan SjONG skriuwst in Fryske tekst op in besteand popnûmer. Do meist sels it ûnderwerp fan dyn tekst kieze.

Foarrondes
De audysjes fan SjONG binne op tiisdei 7 en woansdei 8 maaie yn in tv-studio. De foarrondes binne de middeis.

Finale
De finale is op freed 7 juny om 19.30 oere. De tsien bêste acts út ‘e foarrondes geane troch nei de finale. Finalisten moatte de freedtemiddeis fan de finale frijhâlde foar in workshop en de generale repetysje.

Orkestbannen
Goede orkestbannen binne somtiden dreech te finen. Wy riede dy útdruklik oan om earst in orkestbân te sykjen en dan pas in Fryske tekst derop te meitsjen! Orkestbannen wêrby’t mei help fan in kompjûterprogramma de stim fuorthelle is, binne net tastien, omdat dêrmei de kwaliteit fan de muzyk hiel bot efterút giet. Foar goede orkestbannen ferwize wy dy nei sites lykas http://www.karaoke-version.com/nl/. Dêr binne foar in pear euro karaokeferskes (ek sûnder eftergrûnsang) del te laden.

Tekstpriis
SjONG hat ek in priis foar de bêste songtekst. Dielnimmers hoege net perfoarst sels in tekst te skriuwen, oaren meie dat ek foar harren dwaan. Tekstskriuwers meie holpen wurde troch in dosint, âlder of oare folwoeksene, mar allinne mei it jaan fan tips en by it neisjen fan de stavering. Is de tekst (hast) hielendal troch in folwoeksene makke, dan mei(e) de sjonger(s) wol meidwaan, mar dan docht de tekst net mei foar de tekstprizen. Learlingen dy’t net sjonge kinne of wolle, meie ek allinne in tekst ynstjoere. Sy dogge dan allinne mei foar de tekstpriis en net foar de útfiering.

Oanmelde
Oanmelde kin oant en mei 8 april fia www.sjong.nl. Folgje de ynstruksjes op de website. Nei opjefte krijst uterlik 24 april berjocht oer yndieling, dei en tiid fan de audysjes.

Regels
• Alle dielnimmers moatte tusken de 12 en 18 jier wêze.
• In ferske mei net langer as 4 minuten wêze.
• Ferskes moatte yn it Frysk of in Fryske streektaal songen wurde.
• Dielnimmende bands of groepen meie út maksimaal 7 persoanen bestean.
• Opjeftes dy’t binnen komme sûnder Fryske tekst of eventuele orkestbân, binne net jildich.
• Opjaan kin oant en mei 8 april.

Fragen?
Noch fragen? Stjoer dan in mailtsje nei sjong.nl@gmail.com.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..