Sneak preview film SjONG 2015

(Geen categorie)

Wy as organisaasje ha de sneak preview fan de film fan SjONG 2015 krigen. Foar de finale fregen wy Tim Hoekstra om in ympresje te meitsjen fan SjONG 2015. En dus filme hy 11 april de middeis by de workshop en de jûns by de finale. Alles naam er op: fan it oefenjen fan it iepeningsnûmer oant it diner, fan de fisazjy oant it jammen yn de foyer… En – net te ferjitten – de finale sels! Hjir is alfêst in teaser fan Tim syn film. Hy hat der no al wat SUPERFETS fan makke! It entûsjasme, de gesellichheid en de fun spat fan it skerm! En dan moat de offisjele film dus noch komme! In protte sjochwille!

Sadree’t de echte film klear is, hearre jim it fansels fia ús sosjale media kanalen!

Start met typen en druk op enter om te zoeken..