BOARGEMASTER IKKE

Ik hâld hiel bot fan sporten, al stiet it my soms tsjin Mar heit en mem dy sizze dat ik de beste wêze kin Ik moat der wol foar traine, moarns betiid en elke jûn As ik dat mar folhâld, wurd ik miskien wol kampioen Elke dei nei skoaltiid, efkes thús en dan wer fuort As myn freontsjes frij ha, ha ik it just wer drok Ik kom net ta oan boartsjen, gjin skoallefeest foar my Want ik moat altyd traine, noait ha ik ris frij

Refrein:

Want ik moat drave, ik moat fleane, ik jei my yn it swit ‘k Moat alle dagen traine oars wurd ik net fit ‘k Moat rinne, fytse, swemme as ik winne wol It is hiel hurd wurkjen, o, hald ik dit wol fol Alles draait om sport en om dat iene doel; Nûmer ien te wêzen en it kampioensgefoel

* Ja, ik moat drave, …. Heit en mem dy sizze dat ik de beste wêze kin Ik hâld dan wol fan sporten mar soms ha ik gjin sin Want ik wol ek wol ris boartsje of nei in feest ta gean Wêze as de oaren, dat is wêr ’t ik soms fan dream

Refrein:

Mar ik moat drave, …. Mar ‘k wol ek dûnsje en ik wol swinge op it skoallefeest ‘k Wol sjonge en ik wol springe ik wol ek ris keet Mei freontsjes en freondinnen leuke dingen dwaan Ik wol ek ferkearing, in oar in tútsje jaan Mar alles draait om sport en om dat iene doel En dêrfan ha ‘k soms skjin myn nocht, ja!, stik mar yn ‘e boel!

Mar ‘k wol ek dûnsje en ik wol swinge op it skoallefeest ‘k Wol sjonge en ik wol springe ik wol ek ris keet Mei freontsjes en freondinnen leuke dingen dwaan Ik wol ek ferkearing, in oar in tútsje jaan Mar alles draait om sport en om dat iene doel En dêrfan ha ‘k soms skjin myn nocht, ja!, stik mar yn ‘e boel!