Suzanna Pleiter wint SjONG 2013

(Nieuws)

‘In geweldige stim, in moaie performance en in fenomenabele timing.’ Sa oardielde de sjuery sneon oer Suzanna Pleiter. Suzanna is de winner fan SjONG, it Frysktalige sjongfestival foar jongerein dat hâlden waard yn teater de Koornbeurs yn Frjentsjer. Sa’n 250 besikers seagen hoe’t Suzanna harsels nei de oerwinning song mei it nûmer ‘Fiel my goed’, har eigen Fryske oersetting fan ‘Feeling good’ fan Nina Simone.

SuzannaPleiter-winner-2013

‘Machtich hoe’t Suzanna sa’n lestich nûmer, mei sa’n dreech a kapella begjin, bringt’, sei Janice-sjongeres Janneke Brakels. Sy foarme mei Tet Rozendal (sjongeres en teatermakker) en Sjoek Nutma (muzykspesjalist en mei-grûnlizzer fan SjONG) de sjuery. Se keazen unanym foar de learling fan CSG Gaasterlân út Balk. Behalve de Johan Bloem Bokaal, de wikselpriis fan SjONG, wint Suzanna as ekstra priis in optreden by Noardewyn Live, it muzykprogramma fan Omrop Fryslân. Dat optreden wêrby’t se live te sjen en te hearren is op tv en radio is op 14 juny 2013.

Oare priiswinners
Twadde waard Amerens Jongsma fan RSG Simon Vestdijk Harns mei it nûmer ‘Tabé’, de Fryske ferzje fan ‘Goodbye my lover’ fan James Blunt. ‘Want’, sa oardielde de sjuery, ‘Amerens har timing en pianospel wienen geweldich.’ De tredde priis gong nei Jenny Semplonius fan RSG Magister Alvinus Snits. Sy song ‘Strider yn ‘e striid’, har emosjonele Fryske ferzje fan ‘Angel’ fan Sarah Mclachlan. De sjuery priizge Jenny om har ynlibbingsfermogen en djipgong.
De priis foar de bêste songtekst gong dit jier nei Joyce de Wit. Tekstsjueryleden Douwe Kootstra, Elske Kampen en Jelle Bangma wienen ûnder de yndruk fan har Fryske tekst op it nûmer ‘To make you feel my love’ fan Adele.
Piet Kroes gong nei hûs mei de SjONG YouTube-priis. Syn klip ‘Mei wat help fan in freon’ fan SjONG 2011 waard 4700 kear besjoen op YouTube. Dat oantal views wie genôch om de SjONG YouTube-priis te winnen.

Start met typen en druk op enter om te zoeken..