Utslach foarrondes SjONG 2009

(Nieuws)

Bêste dielnimmers en begelieders fan SjONG 2009,

De sjuery hat sprutsen. De útslach is bekend. Nei trije foarrondes en 45 optredens hawwe Mink en Remon harren kar makke foar de finale. En dat wie net ienfâldich. “It nivo wie in stik heger as ferline jier,” leit Mink út. “Mei safolle goede optredens foel it net ta om in kar te meitsjen.”

Mink ropt de ôffallers dan ek op om net op te jaan en foaral troch te setten. “Der binne ek in stik as 6 acts ôffallen dy’t hiel ticht tsjin de finale oan sieten. Dy sjogge wy graach takom’ jier wer.” Want by dielnimmers dy’t al earder meidien hawwe, seagen se absolút de noadige ferbettering. “Us kompliminten dêrfoar,” seit Mink, “se hawwe echt wat mei ús opmerkings dien en dat seagen wy werom yn de presintaasje en it sjongen.”

Dochs is Remon ek kritysk. “Benammen de bands meie noch wol wat mear op inoar ynspile reitsje,” seit er, “en dat betsjut oefenje, oefenje, oefenje.” Ek hy fûn it dreech om in kar te meitsjen. “Der stutsen in stik as wat acts dúdlik boppeút, mar de diskusje gong foaral oer al dy oare goede acts.”

Nei in lang en dreech sjueryberied binne Mink en Remon úteinlik ta it folgjende oardiel kommen. Dizze 15 acts sjogge wy werom yn de finale fan SjONG 2009:

1. Plug In mei ‘Foarby’ (‘Nobody’s Wife’ fan Anouk) fan it Dockingacollege VMBO Th. Yn Dokkum.

2. Skoalband ‘It Húske’ mei ‘Bring my nei de Linde’ (‘Take Me To The River’ fan Al Green) fan it Stellingwerfcollege yn Easterwâlde.

3. Jenny Semplonius mei ‘Mem’ (‘Papa’ fan Stef Bos) fan RSG Magister Alvinus yn Snits.

4. Albert van der Tuin mei ‘Lit mar los’ (‘Laat maar los’ fan Marco Borsato) fan it Drachtster Lyceum yn Drachten.

5. Djoeke mei ‘Myn fertriet’ (‘I Still Cry’ fan Ilse de Lange) fan it Chr. Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert.

6. Eline, Anke en Tiny mei ‘It is no te let’ (‘To Make You Feel My Love’ fan Adele) fan it Dockingacollege HAVO/VWO yn Dokkum.

7. Amerens Jongsma mei ‘Hear mar nei dyn hert’ (‘Listen To Your Heart’ fan Roxette) fan RSG Simon Vestdijk yn Harns.

8. Annemarie mei ‘Sa bin ik net’ (‘I’m Not So Tough’ fan Ilse de Lange) fan CSG Ulbe van Houten yn Sint Anne.

9. Hinke Bijma mei ‘Kabaret’ (‘Cabaret’ fan Pia Douwes) fan CSG Comenius Mariënburg yn Ljouwert.

10. Fenne & Mirjam mei ‘Do wiest myn freon’ (‘You Were My Friend’ fan Chi Coltrane) fan CSG Ulbe van Houten yn Sint Anne.

11. Marjolein Holwerda mei ‘Dêr bisto’ (‘There You’ll Be’ fan Faith Hill) fan Bornego College lok. Kingwei yn Hearrenfean

12. Saskia mei ‘As ik dy sjoch’ (‘You Raise Me Up’ fan Josh Groban) fan it Marnecollege yn Boalsert.

13. Nelleke & Femke mei ‘Wa’t ik bin’ (‘Sober’ fan Pink) fan it Bogerman yn Wommels.

14. Esther & Dieuwerke mei ‘Unskreaun’ (‘Unwritten’ fan Natasha Bedingfield) fan CSG Liudger yn Burgum.

15. De GG’s / Nynke & Wiljo mei ‘Fanút myn hert’ (‘Lost’ fan Anouk) fan Bogerman lok. Himdyk 2 yn Snits.

Kaarten
Alle dielnimmers, dus ek dyjingen dy’t de finale net helle hawwe, hawwe rjocht op 2 frijkaarten foar de finale op sneon 18 april yn teater DOK18 yn Dokkum.
As jim dêr gebrûk fan meitsje wolle, dan kinne jim in mail stjoere nei s.sierksma@cedin.nl. Jim komme dan op de gastelist te stean.

Dêrnjonken biede wy skoallen kaarten oan foar it redusearre taryf fan € 2,50 per kaart. Skoallen kinne dy oant en mei woansdei 8 april bestelle troch in mail te stjoeren nei s.sierksma@cedin.nl ûnder fermelding fan de kontaktpersoan, it skoaladres en it tal kaarten. Dy kaarten wurde dan, mei in rekken, noch foar it peaskewykein tastjoerd.

Foar wa’t net fia skoalle kaarten bestelt, betellet € 5,- per kaart. Dy kaarten binne te bestellen fia sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan namme, adres, tillefoannûmer en it tal kaarten. Dy kaarten kinne dan op 18 april ophelle en ôfrekkene wurde by de kassa fan DOK18.

Yn DOK18 is plak foar 400 minsken, dus wachtsje net te lang mei it bestellen (ek fan frijkaarten), want fol is fol!

De filmkes
De filmkes fan de 15 finalisten sille wy binnen in pear wike op YouTube sette.
En ek as jim de finale net helle hawwe, sette wy jim klip graach op ynternet, mar allinne as jim dat sels wolle. Dus fine jim jim optreden goed genôch om oan de rest fan de wrâld sjen te litten, stjoer dan eefkes in mailtsje nei sjong.nl@gmail.com, dan sette wy jim filmke oer in pear wike ek op ús YouTube-kanaal: www.youtube.com/taalsintrum.

De foto’s fan de foarrondes komme hjoed of moarn op sjongfrysk.hyves.nl en op http://www.taalsintrumfrysk.nl/.

SjONGtekstpublykspriis
Ut de ynstjoerde teksten is in seleksje makke fan 10 teksten. Dat is dien troch in faksjuery besteande út de skriuwers Elske Kampen, Jelle Bangma en Douwe Kootstra. Dy 10 bêste teksten sille de kommende dagen publisearre wurde op https://www.sjong.frl/ en sjongfrysk.hyves.nl en dêr kin op stimd wurde troch in mailtsje te stjoeren nei sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan jim favorite tekst.
De tekst mei de measte stimmen krijt úteinlik de SjONGtekstpublykspriis dy’t útrikt wurde sil by de finale.
Dan sille ek de 3 winners fan de tekstprizen bekend makke wurde troch de faksjuery.

Presintaasjewurksjop
Foar de finalisten is der op freedtemiddei 3 april in presintaasjewurksjop by Omrop Fryslân yn Ljouwert. Wy ferwachtsje de bands dy middei om 13.00 oere, sadat alles klearsetten wurde kin. De oaren sjogge wy graach om 13.30 oere ferskinen. De wurksjop sels begjint om 14.00 oere en wurdt jûn troch Mink en Remon. Alle finale-acts wurde dêr yn de komplete besetting ferwachte.

Yn de tuskentiid roppe Mink en Remon jim op om foarral oefenjen te bliuwen. “Want it moat aanst yn de finale stean as in hûs,” seit Mink. “En ek by de finalisten binne der bêst noch wol in oantal dingen dy’t better kinne,” folt Remon har oan. Oefenjen bliuwe dus en foaral ek goed harkje nei de tips dy’t Remon en Mink jaan sille by de wurksjop.

By de presintaasjewurksjop sil Omrop Fryslân opnames meitsje en ynterviews dwaan foar de 2 televyzjeprogramma’s dy’t op 24 april en 29 maaie útstjoerd wurde op Nederlân 2 om 10.00 oere.

De finale op 18 april
De finale begjint jûns om 19.30 oere. De seal giet in kertier earder iepen.
De finalisten wurde middeis om 15.00 oere yn DOK18 yn Dokkum ferwachte foar kamerarippetysjes en in soundcheck. Der wurdt jûns foar iten soarge. Fierdere ynformaasje folget de kommende wiken.

No, dat wie it earst wer. Wy sjogge jim graach werom by de finale.
En… ferjit net om op ‘e tiid kaarten te bestellen!

Groetnis,
út namme fan de organisaasje fan SjONG,
Jouke Douwe de Vries

Start met typen en druk op enter om te zoeken..