Yldau Bylsma wint SjONG 2008

(Nieuws)

De 18-jierrige Yldau Bylsma fan Weidum is justerjûn winner wurden fan SjONG 2008, it Frysktalich sjongfestival foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis. Sy song it liet ‘Bysûnder’, in Frysktalige bewurking fan it nûmer ‘Bijzonder’ fan it duo Veldhuis & Kemper. De sjuery wie bot ûnder de yndruk fan Yldau har goeie stim, de tekst en har kreativiteit.

SjONG is in inisjatyf fan Taalsintrum Frysk en Omrop Fryslân skoaltelevyzje en waard dit jier foar de twadde kear holden. SjONG hat as doel om jongeren oan te setten om Fryske teksten te skriuwen en Fryske lieten te sjongen. Mar leafst 45 groepen en solisten dienen mei oan de foarrondes en juster stienen dêr 14 fan yn de finale yn de Koornbeurs yn Frjentsjer.

De finale wie fan ‘hiel heech nivo’, sa oardielde de sjuery, dy’t bestie út sjongeres Nynke Laverman, sjonger Robbie van Wieren en rapper Berend Visser. Se fûnen it dan ek dreech om in winner oan te wizen. Uteinlik kaam Yldau Bylsma dus as beste út ‘e bus. Twadde einige Judith Fledderus (17) fan Ljouwert mei it ferske ‘Wy hearre by elkoar’, in oersetting fan in nûmer dat se sels skreaun hie, mar dan yn it Ingelsk. De 12-jierrige Jitse Zandhuis fan St. Jansgea waard tredde mei syn ferzje fan ‘Hero’ fan Enrique Iglesias. ‘Ik wol by dy bliuwe, leave’ hjitte it liet en mei syn hege, suvere sang rekke er in gefoelige snaar by de sjuery.

De publykspriis gong nei Fenne van der Meulen (14) fan Britsum mei ‘Sûnder dy’, in hiel eigen bewurking fan it ferske ‘Heaven’ fan Do. De publykspriis foar de bêste tekst wie foar Afke Teertstra (16) fan Frjentsjer mei ‘In Dream’. Sy krige de measte stimmen op ynternet.

De sjueryprizen foar de bêste teksten waarden takend oan 1. Marrit de Vries fan Grou mei ‘Hert fan myn ferstân’, 2. Sietse Baarda, Robert Hendrik Twijnstra, Johannes Popma, Minne Koopmans, Wiebe Bonekamp, Jari Hoekstra, Daniël Jonkhout, Willem Zijlstra en Hans Adema fan it Marnekolleezje yn Boalsert mei ‘Oh ik haw myn Nikez’ en 3. Femke Veltman fan De Jouwer mei ‘De stim fan myn hert’.

SjONG is op freed 25 april, tiisdei 13 maaie en freed 16 en 23 maaie moarns te sjen op Ned. 2 en jûns op Omrop Fryslân. It giet om in rige programma’s wêrby’t de dielnimmers troch programmamakker Freark Smink folge wurde fan it tekstskriuwen en it rippetearjen oantemei de foarrondes en de finale.

Yn de tuskentiid binne de filmkes fan de optredens by de foarrondes al op YouTube te besjen fia it YouTube-kanaal fan Taalsintrum Frysk: www.youtube.com/taalsintrum. En ek de filmkes fan de finale sille dêr yn de kommende wiken op ferskine.

Op de foto boppe krije de priiswinners (f.l.n.r.) Jitse Zandhuis, Judith Fledderus en Yldau Bylsma in beker út hannen fan sjueryfoarsitster Nynke Laverman (rjochts) – FOTO: TAALSINTRUM FRYSK

Lês ek it berjocht op de webside fan de Ljouwerter Krante

Start met typen en druk op enter om te zoeken..