Ynformaasje foar dielnimmers: Yndieling foarrondes SjONG 2009

(Nieuws)

Bêste dielnimmers en begelieders,

It giet oan!
Mar leafst 52 groepen en solisten hawwe harren ynskreaun foar SjONG 2009 en dy sille de kommende wiken de striid meiïnoar oangean. Earst om út te meitsjen hokker 15 acts nei de finale trochgeane en dêrnei om te sjen wa’t dit jier yn de prizen falle.
En it mei dan in wedstriid wêze, litte wy der meiïnoar foaral wer in gesellige happening fan meitsje. Want dat is wat de âld-dielnimmers fan de lêste jierren it meast bybleaun is: de gesellichheid.

Fierder is it fansels ek in hiele ûnderfining. Jim trede ommers net elke dei foar publyk op en al hielendal net mei televyzje derby. En dan krijt elk ek noch syn eigen fideoklip! Want fan alle nûmers yn de foarrondes wurde klips makke dy’t op YouTube (www.youtube.com/taalsintrum) setten wurde sille. Teminsten as jim dat wolle, mar dêr freegje wy jim nei de foarrondes wol nei. Fierder sille der twa programma’s makke wurde troch Omrop Fryslân, dy’t op 24 april en 29 maaie útstjoerd wurde op Nederlân 2 om 10.00 oere.

De foarrondes
Earst wolle jim fansels witte hoe’t it komt mei de foarrondes fan nije wike, want it is al gau safier.
Mei it grutte oantal dielnimmers fan dit jier sille der nije wike 3 foarrondes wêze. De foarrondes wurde hâlden yn de grutte TV-studio fan Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei 2 yn Ljouwert (sjoch foar in rûtebeskriuwing: http://www1.omropfryslan.nl/Kontakt_Adres_en_r%C3%BBte.aspx).
De foarrondes fine plak mei publyk. Dit yn tsjinstelling ta ferline jier. It publyk bestiet út de dielnimmers oan dy foarronde en maksimaal 2 begelieders per skoallokaasje (dit yn ferbân mei it beheinde tal sitplakken). It is de bedoeling dat elk de hiele foarronde bywennet.

Klik hjir foar de yndieling foar de foarrondes (Excell-bestân).
Mochten dêr noch flaters yn stean, dan hearre wy dat graach fia sjong.nl@gmail.com.

Earste foarronde: 16 maart 2009
Yn de earste foarronde op moandei 16 maart hawwe wy alle bands ûnderbrocht. Dy foarronde begjint om 14.00 oere en duorret oant in oere as fjouwer. Om 13.00 oere moat elk oanwêzich wêze om saken troch te praten, klear te setten en te testen. Der stiet in komplete backline mei 2 gitaarfersterkers, 1 basfersterker, in drumstel en in digitale piano. Oare ynstruminten moatte jim sels meinimme. Keyboards wurde fuortendaliks fia de mingtafel fersterke en akoestyske gitaren mei in mikrofoan.

Twadde foarronde: 17 maart 2009
De twadde foarronde is op tiisdei 17 maart en begjint in bytsje earder, nammentlik om 13.30 oere. Ek hjir moat elk om 13.00 oere oanwêzich wêze om saken troch te praten, klear te setten en te testen. Der is wer in digitale piano oanwêzich. Oare ynstruminten graach sels meinimme.

Tredde foarronde: 18 maart 2009
De tredde foarronde is op woansdei 18 maart en begjint ek wer om 13.30 oere. Ek dan moat elk om 13.00 oere oanwêzich wêze en stiet der wer in digitale piano.

De sjuery foar de foarrondes bestiet ek dit jier wer út Mink & Remon, oftewol sjongeres Minke Adema en rapper Remon de Jong. Sy sille, lykas ferline jier, fuortendaliks nei ôfrin fan in nûmer koart kommintaar jaan. Dat sil wer earlik en oprjocht wêze, sa’t wy fan harren wend binne, mar it is der foaral op rjochte om opbouwende krityk te jaan om jim foarút te helpen by jim muzikale ûntwikkeling.

As alle foarrondes west binne, sille Mink & Remon maksimaal 15 acts útsykje dy’t trochgeane nei de finale. Dy finalisten wurde tongersdei 19 maart yn de rin fan ‘e middei bekend makke fia de mail, op www.sjong.nl en op sjongfrysk.hyves.nl.
Foar de finalisten is der op freedtemiddei 3 april in presintaasjewurksjop by Omrop Fryslân yn Ljouwert. Dy wurksjop sil jûn wurde troch Mink & Remon. Alle finalisten wurde dêrby ferwachte. Omrop Fryslân sil dan ek opnames meitsje en ynterviews dwaan foar de twa televyzjeprogramma’s. Hâld dy datum dus alfêst frij!

SjONGtekstpublykspriis
Ut de ynstjoerde teksten sil de kommende wike in seleksje makke wurde fan 10 teksten. Dat sil dien wurde troch in faksjuery besteande út de skriuwers Elske Kampen, Jelle Bangma en Douwe Kootstra. Dy 10 bêste teksten sille publisearre wurde op www.sjong.nl en sjongfrysk.hyves.nl en dêr kin op stimd wurde troch in mailtsje te stjoeren nei sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan jim favorite tekst. De tekst mei de measte stimmen krijt úteinlik de SjONGtekstpublykspriis dy’t útrikt wurde sil by de finale op sneon 18 april yn DOK18 yn Dokkum. By de finale sille ek de trije winners fan de tekstprizen bekend makke wurde troch de faksjuery.

Kaartferkeap finale
Alle dielnimmers, dus ek dy’t net trochgeane nei de finale, hawwe rjocht op 2 frijkaarten foar de finale op 18 april.
As jim dêr gebrûk fan meitsje wolle, dan kinne jim in mail stjoere nei s.sierksma@cedin.nl. Jim komme dan op de gastelist te stean.

Dêrnjonken biede wy skoallen kaarten oan foar it redusearre taryf fan € 2,50 per kaart.
Skoallen kinne dy oant en mei woansdei 8 april fia sjong.nl@gmail.com bestelle ûnder fermelding fan de namme fan de skoalle, de kontaktpersoan, it skoaladres en it tal kaarten. Dy kaarten wurde, mei in rekken, dan noch foar it peaskewykein ferstjoerd.

Foar wa’t net fia skoalle kaarten bestelt, betellet € 5,- per kaart. Dy kaarten binne ek te bestellen fia sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan namme, adres, tillefoannûmer en it tal kaarten. Dy kaarten kinne dan op 18 april ophelle en ôfrekkene wurde by de kassa fan DOK18.

Yn DOK18 is plak foar 400 minsken, dus wachtsje net te lang mei it bestellen (ek fan frijkaarten), want fol is fol!

No, dat wie it earst. Mochten jim noch fragen hawwe, dan hearre wy dat graach fia sjong.nl@gmail.com.

Groetnis en oant nije wike,

Jouke Douwe de Vries
organisaasje SjONG

Start met typen en druk op enter om te zoeken..