SjONG is in twajierliks Frysk sjongfestival foar jongeren fan 12 o/m 18 jier.
Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops fan professionele muzikanten/tekstskriuwers en dogge audysje. Dat kin as band, duo, solist of betink it mar. Se begeliede harsels of sjonge op in bân. De bêste dielnimmers meie troch nei de finale.
SjONG wurdt elk ûneven jier organisearre.
Sitsto yn in (skoal)band? Hast sjongtalint? Kinst in ynstrumint bespylje? Kom dan nei it SjONG talint-event op sneon 5 april yn Neushoorn! Wat dielnimmers te wachtsjen stiet?
Opjaan foar: 31 maart 2025
Talint-event: 5 april 2025, 13.30-16.30 Neushoorn Ljouwert
Coaching: april/maaie 2025
Audysjes: 21 of 22 maaie 2025, Firda Drachten
Finale: 21 juny 2025, Neushoorn Ljouwert
Jou dy op foar 31 maart en erfaar it spektakel! Oant SjONG!
Hoera! De finale fan SjONG komt op telefyzje en online. Op freed 24 oktober 18.20 (en dêrnei de hiele jûn om it oere) op Omrop Fryslân tv. Dêrnei ek te sjen fia web fan @tsjil_ wannear’tsto wolst!
Hoera! De finale fan SjONG komt op telefyzje en online. Op freed 24 oktober 18.20 (en dêrnei de hiele jûn om it oere) op Omrop Fryslân tv. Dêrnei ek te sjen fia web fan @tsjil_ wannear’tsto wolst! …
It is alwer in pear wike lyn, mar sjoch dy Max ris skitterjen by Liet! Hy wûn SjONG en de ekstra priis wie optrede by @frysksjongfestivalliet en dat nailde hy! Topper @mb_bosma 📸 Piet Douma
It is alwer in pear wike lyn, mar sjoch dy Max ris skitterjen by Liet! Hy wûn SjONG en de ekstra priis wie optrede by @frysksjongfestivalliet en dat nailde hy! Topper @mb_bosma 📸 Piet Douma …
YAY! Ald-SjONG-dielnimmer Mayte wûn juster Liet! Lokwinske @mayte.official_ You go girl!
En der stiene noch mear fan ús âld-stjerren te shinen yn de finale juster. Top dien @rowan.veltman en @anke.de.vries !
En dan it tuskenoptreden fan ús Max! Magistraal!
📸 Piet Douma
YAY! Ald-SjONG-dielnimmer Mayte wûn juster Liet! Lokwinske @mayte.official_ You go girl!
En der stiene noch mear fan ús âld-stjerren te shinen yn de finale juster. Top dien @rowan.veltman en @anke.de.vries !
En dan it tuskenoptreden fan ús Max! Magistraal!
📸 Piet Douma
…
Foto-recap fan de finale fan SjONG. Noch eefkes neigenietsje!
📸 Elske Attema
Foto-recap fan de finale fan SjONG. Noch eefkes neigenietsje!
📸 Elske Attema
…
Yn 2021 wie der fanwege de Covid-19 pandemy gjin grutte finale op it poadium fan Neushoorn, mar der wie wol wat superfets foar de 3 winners fan de audysjes. Sy krigen in profi directed music video fan harren SjONG-nûmer!