SjONG is in twajierliks Frysk sjongfestival foar jongeren fan 12 o/m 18 jier.
Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops fan professionele muzikanten/tekstskriuwers en dogge audysje. Dat kin as band, duo, solist of betink it mar. Se begeliede harsels of sjonge op in bân. De bêste dielnimmers meie troch nei de finale.
SjONG wurdt elk ûneven jier organisearre.
Sitsto yn in (skoal)band? Hast sjongtalint? Kinst in ynstrumint bespylje? Kom dan nei de SjONG Startdei op sneon 3 april yn Neushoorn! Wat dielnimmers te wachtsjen stiet?
In te gekke SjONG Startdei mei workshops fan de SjONG-coaches. Foar sjongers én muzikanten tusken de 12 en 18 jier! Oan de ein fan de dei hast miskien al in act of in idee foar in tekst en beslútst oft SjONG wat foar dy is. Sa ja, dan krijst…
Opjaan foar: 14 maart 2027
SjONG Startdei: 3 april 2027, 13.30-16.30 Neushoorn Ljouwert
Coaching: april/maaie 2027
Audysjes: 12 of 13 maaie 2027, Firda Drachten
Finale: 5 juny 2027, Neushoorn Ljouwert
Jou dy op foar 14 maart en erfaar it spektakel! Oant SjONG!
[instagram-feed feed=2]
Yn 2021 wie der fanwege de Covid-19 pandemy gjin grutte finale op it poadium fan Neushoorn, mar der wie wol wat superfets foar de 3 winners fan de audysjes. Sy krigen in profi directed music video fan harren SjONG-nûmer!