Lesmateriaal

By alle nûmers fan SjONG junior 2024 ferskynt lesmateriaal. Hjirûnder fynst fan elk nûmer de útstjoering fan Tsjil, de byhearrende lesbrief en it nûmer as audio-bestân. 

De opbou fan de lesbrieven is hieltyd gelyk.

  • Filosofyske opdracht wêrmei’t learlingen filosofearje oer de betsjutting fan it nûmer
  • Talige/ynhâldlike opdracht oer de ynhâld fan it nûmer of de teksten dy’t brûkt wurde
  • Kreative opdracht; it liet foarmet de basis foar in byldzjende doch-opdracht
 
Fansels wurkje jim mei SjONG junior oan de doelen foar it fak muzyk, mar mei dit lesmateriaal dekst foaral ek guon domeinen fan de nije kearndoelen foar Fryske taal en kultuer, nammentlik ‘Taal- en lêsomjouwing’, ‘Taal leare en brûke’ en ‘Taalekspresje’.

Bûsjild - Sint Radbodus

Earlikens - OBS De Brêge

Fûgelfrij - Dr. J. Botkesskoalle

Trendklean - IKC St. Jozef

Rockstar - OBS Thrimwalda

Fiis Ferske - It Haskerfjild

Hjoed & Moarn - IKC Máxima

Tsjil - De Twiner

Illustraties Junior_Tekengebied 1