Bûsjild

Kûplet

Wat as heit en mem, bûsjild krije soene 
En alle dagen tinke moasten oer wat se keapje koene  
Kin(ne) we hjoed ierappels ite mei griente en fleis  
En as it aanst fakânsje is, kin(ne) we dan op reis  

Jild groeit net oan ‘e beam en ek net yn ‘e bûse 
En ryk kinst ek net wurde asto altyd leist te koessen 
Want it bûsjild fan ús heit en it bûsjild fan ús mem 
Dêrmei moat wy sunich oan dwaan, oars dan sitte wy aanst noch klem  

Refr. 

Fan it bûsjild dat ik krij keapest net folle fertier  
Oh ik wol der graag wat by, tûzen euro yn it jier 
It bûsjild dat ik krij makkest op yn in kertier  
Dêrom bin ik no mar gau foar ekstra doekoes yn it spier 

Fast-rap  

Alle dagen wurkje kinne foar it goede doel 
dat jout de measte minsken om my hinne  echt in top gefoel  

Kouplet 

Ik klus wat by om jild te meitsjen, heit dy kin der wol om laitsje.  
En us mem is grutsk op my, it lok sit my efternei. 
Mar lok kinst net betelje, ek mei bûsjild net te heljen.  
Mar gelok makket wol ryk en hast in libben as in dyk.  

Refr. 

Fan it bûsjild dat ik krij keapest net folle fertier  
Oh ik wol der graag wat by, tûzen euro yn it jier
It bûsjild dat ik krij makkest op yn in kertier  
Dêrom bin ik no mar gau foar ekstra doekoes yn it spier  

Rap  

De moannepriis fan Donald duck, dêrtroch fal ik fan myn kruk 
De fuotbalklup wurdt ek al djoer, de fiifde moanne wurdt in toer 
In patatsje mei fan Snack-Janet, se belle al, do komst mar net. 
Ik bin dus echt finaal fan streek want myn bûsjild lit my yn ‘e steek  

 

Refr. 

Fan it bûsjild dat ik krij keapest net folle fertier  
Oh ik wol der graag wat by, tûzen euro yn it jier
It bûsjild dat ik krij makkest op yn in kertier  
Dêrom bin ik no mar gau foar ekstra doekoes yn it spier  

YNSTRUMINTAAL

OER IT NÛMER

Muzyk en produksje: Raynaud Ritsma en Dirk-Lennart Hogeveen
Skoalle: Sint Radbodus