Kûplet
Asto berne bist yn it Fryske lân
Dan hasto alles by de hân
Bosk en it wetter, lân en stêd
Of langút lizze op it strân
Refr.
Ik bin sa grutsk op alles wat my bynt
Wat eltsenien dêr ek fan fynt
Fryslân, Fryslân, dit is Fryslân
Hjir is eltsenien gelyk
hjir is eltsenien gelyk
Fryslân, oh Fryslân, dit is Fryslân
Mei gewoan dwaan bist hjir ryk
Rap Habtom
Yo! Habtom is myn namme
Eritrea myn thús
Mar omdat ik flechtsje moast stiet yn Fryslân myn hús.
Rap oar bern
Libje yn in oarloch
Ik wit net wat dat is
Mar troch Habtom syn ferhaal is frijheid net wis
Dêrom tink ik no wol wat better nei
As ik Habtom de fraach stel; hé hoe let bisto frij?
Elts minsk is gelyk mar wêr’tsto berne bist net
Dus wês leaf foar mekoar en sprek út dyn hert.
Refr.
Ik bin sa grutsk op alles wat my bynt
Wat eltsenien dêr ek fan fynt
Fryslân, Fryslân, dit is Fryslân
Hjir is eltsenien gelyk
hjir is eltsenien gelyk
Fryslân, oh Fryslân, dit is Fryslân
Mei gewoan dwaan bist hjir ryk
Brêge
Yn waar en wyn is Fryslân faak sa kil en kâld
Dan wol ik 35 graden útfanhús
Flean ik de sinne efternei rûnom de wrâld
Mar myn heitelân is Fryslân en dat bliuwt myn thús
Fryslân, Fryslân, dit is Fryslân
Hjir is eltsenien gelyk
hjir is eltsenien gelyk
Fryslân, oh Fryslân, dit is Fryslân
Mei gewoan dwaan bist hjir ryk
Muzyk en produksje: Raynaud Ritsma en Dirk-Lennart Hogeveen
Skoalle: De Twiner, St. Jabik