Kûplet
Ik ha al 4000 likes op dizze wykeinpost fan my en myn freondinnen
Ik bin sa populêr dat sels dat groepke jonges fan it fuortset my no kenne
Ik ha de echte wrâld ferruile mei de digitale wrâld dêr’t wy no rinne
En soms dan sjoch ik op myn socials om de twifel dy’t ik ha wer fuort te nimmen.
Refr.
Myn libben is myn telefoan, dy ha ik konstant yn myn hân
Soms fielt it djip fan binnen slecht, want wat is fake en wat is echt?
Kûplet
Myn telefoan dy is ferstoarn en komt der tiid frij foar in praatsje mei myn suske
Drink ik in bakje tee mei mem en lês it boek út fan de strip Suske en Wiske
Ik like it libben om my hinne en gjin app of telefoan kin dat winne.
Refr.
Myn libben is myn telefoan, dy ha ik konstant yn myn hân
Soms fielt it djip fan binnen slecht, want wat is fake en wat is echt?
Myn libben is myn telefoan, dy ha ik konstant yn myn hân
Soms fielt it djip fan binnen slecht, want wat is fake en wat is echt?
Rap
Yn it lân rint in skries
En do bist lang net wiis
Asto dizze skries op dyn telefoan sjochst
Stek de telefoan yn de loft
En brûk ‘m as in ljocht
Sadat elkenien dy sjocht
Refr.
Myn libben wie myn telefoan, mar rin no lekker troch it lân
ik ha wer romte yn myn kop dêr kin gjin 1000 likes tsjinop
Myn libben wie myn telefoan, mar rin no lekker troch it lân
ik ha wer romte yn myn kop want ynienen seach ik it ljocht.
Muzyk en produksje: Raynaud Ritsma en Dirk-Lennart Hogeveen
Skoalle: Staetlânsskoalle, Tsjom