Kûplet
Asto op de ierde komst moatst alles noch leare
Begjinsto oan dyn eigen reis en dochst in soad sabeare
Ite, drinke, rinne, fytse ’t waait dy net echt oan
Mar de fouten dy’tsto makkest bin’ foar elkenien gewoan
De grutste fout dy’tst meitsje kinst is om gjin fout te meitsjen
Want asto letter grut bist dan kinst der hiel hurd om laitsje
Refr.
Oh ooh oh ooh oh
Soms giet it goed
Soms giet it fout
Oh ooh oh ooh oh
En as it hjoed hiel efkes misrint, fielt it moarn ynienen fertroud
Kûplet
Fouten meitsje is bêst stoer
bewiist datst it besikest
En sjochsto nei ferrin fan tiid fansels op wa’tsto likest
En as ien seit dat fout echt dom is, is dat flauwekul
Want troch fouten kinst just groeie en wurdsto in twa punt nul (2.0)
Ek al kinsto hiel goed leare
altyd boppe-oan
Bliuw dan hiel ticht by dy sels
dan rinst net út de toan
Refr.
Oh ooh oh ooh
Soms giet it goed
Soms giet it fout
Oh ooh oh ooh oh
En as it hjoed hiel efkes misrint, fielt it moarn ynienen fertroud
Oh ooh oh ooh oh
Soms giet it goed
Soms giet it fout
Oh ooh oh ooh oh
En dan is prate mei elkoar de skeakel dy’t dy alles jout
Brêge
Is it fout of is it goed
Gjin antwurd is gelyk
Asto iepen stiest foar feedback
bist dyn libben lang smoarryk
Refr.
Oh ooh oh ooh oh
Soms giet it goed
Soms giet it fout
Oh ooh oh ooh oh
En as it hjoed hiel efkes misrint, fielt it moarn ynienen fertroud
Oh ooh oh ooh oh
Soms giet it goed
Soms giet it fout
Oh ooh oh ooh oh
En dan is prate mei elkoar de skeakel dy’t dy alles jout
Oh ooh oh ooh oh
Soms giet it goed
Soms giet it fout
Soms giet it goed
Soms giet it fout
Muzyk en produksje: Raynaud Ritsma en Dirk-Lennart Hogeveen
Skoalle: De Tarissing, Aldehaske