Frije Wrâld

Kûplet
Ik bin berne yn in frije wrâld
mei alle leafde en noait kâld
Myn hert ferjaan dêr’t ik fan hâld
Dit is myn lân
hjir wurd ik âld

Ik kin hjir sizze wat ik fiel
mar mei respekt, dat is de deal
Tegearre rinne hân yn hân
Wy libje frij hjir en dat fielt sa gewoan

Refr.
Dit is myn lân
hjir bin ik berne
hjir stiet myn hús
dit is myn thús

Kûplet
Ik bin berne yn in stikken wrâld
noait wat te sizzen, altyd kâld
Myn hert ferjaan dêr’t ik fan hâld
Dat kin hjir net
dan wurdst net âld

Ik wol myn hert noch net ferjaan
en libje sûnder heitelân
Dus blus no asjeblyft dy brân
en lit ús libje, hân yn hân

Refr.
Dit is myn lân
hjir bin ik berne
hjir stiet myn hús
dit is myn thús

Dus pak mar myn hân
ek do meist hjir wenje
De grinzen foarby
wat fan my is fan dy

Brêge (sprutsen wurd)
Dit is in oprop
oan de wrâld
it is wichtich
foar jong en âld
sprek fanôf no de wierheid
en lit elkenien libje yn frijheid

Refr.
Dit is myn lân,
hjir bin ik berne
hjir stiet myn hús,
dit is myn thús

Dus pak mar myn hân
Ik wol dy helpe
De grinzen foarby
wat fan my is fan dy

Wat fan my is fan dy

YNSTRUMINTAAL

OER IT NÛMER

Muzyk en produksje: Raynaud Ritsma en Dirk-Lennart Hogeveen
Skoalle: Ds. Hasperskoalle, Akkrum