Lekker Dûnsje

Kûplet
Op it sportfjild sneontemoarn
Fyn ik sels net folle oan
Op de racefiets op de dyk
Bin ik leaver earm as ryk

En ek myn freonen út ‘e klasse
Ha altyd sportklean yn ‘e tas
Mar sport kost my tefolle tiid
Ik wol bewege op de beat

Refr.
Ik wol lekker dûnsje
Yn ’e hús en op fakânsje
Op it strân, yn ‘e stêd, op de flier en op bêd
Beweech ik oeral mei

Ik wol lekker dûnsje
Yn ’e hús en op fakânsje
Op it strân, yn ‘e stêd, op de flier en op bêd
Beweech ik oeral mei
Want op de beat fiel ik my frij

Kûplet
De beat sit standert al yn my
Dêrom fiel ik my superfrij
Ik rin ek altyd op de tel
Dat giet dus faak fierstente snel

Mar dit is wol wat past by my
En miskien jildt dat ek foar dy
Dus jout dit dy in soad plezier
Kom dan mar by my op de flier

Refr.
Ik wol lekker dûnsje
Yn ’e hús en op fakânsje
Op it strân, yn ‘e stêd, op de flier en op bêd
Beweech ik oeral mei

Ik wol lekker dûnsje
Yn ’e hús en op fakânsje
Op it strân, yn ‘e stêd, op de flier en op bêd
Beweech ik oeral mei
Want op de beat fiel ik my frij

Brêge
Dûnsje is yn ‘e klasse ferbean
Mar it slagget net om stil te stean
Ik moat bewege op de beat
Allinnich dan wurd ik echt bliid

Refr.
Ik wol lekker dûnsje
Yn ’e hús en op fakânsje
Op it strân, yn ‘e stêd, op de flier en op bêd
Beweech ik oeral mei

Ik wol lekker dûnsje
Yn ’e hús en op fakânsje
Op it strân, yn ‘e stêd, op de flier en op bêd
Beweech ik oeral mei
Want op de beat fiel ik my frij

Ik wol lekker dûnsje

Ik wol lekker dûnsje
Yn ’e hús en op fakânsje
Op it strân, yn ‘e stêd, op de flier en op bêd
Beweech ik oeral mei

Ik wol lekker dûnsje

YNSTRUMINTAAL

OER IT NÛMER

Muzyk en produksje: Raynaud Ritsma en Dirk-Lennart Hogeveen
Skoalle: De Bining, Westergeast