Takomst

Kûplet
De wrâld bliuwt net gelyk
Oer tsien jier is ’t in oar ferhaal
Dat neam’ je ek wol takomst
Dy wurdt steeds mear digitaal
Mar wat no as de digitale dyk ús saboteart
Kinne wy dan wol fierder as it tij yn ien kear keart?

Refr.
De takomst
De takomst
Dy wurdt steeds mear digitaal
De takomst
De takomst
Wurdt it oait in oar ferhaal?
De takomst
De takomst
Wurdt it ús miskien fataal?
De takomst
De takomst
Sprekt dy aanst noch ús taal?

Kûplet
En wat as aanst it iis en snie smelt dêr op de Noardpoal?
Far ik dan yn in kano troch ús eigen fuotbalgoal?
En sjoch’ wy aanst de skries en ljip noch yn ús greidelân?
Of stiet it jild op ien, ferliest de minsk dêrtroch ferstân?

Refr.
De takomst
De takomst
Dy wurdt steeds mear digitaal
De takomst
De takomst
Wurdt it oait in oar ferhaal?
De takomst
De takomst
Wurdt it ús miskien fataal?
De takomst
De takomst
Sprekt dy aanst noch ús taal?

Brêge
As ús bern sûn libje kin’
Dan moat der wat gebeure
Mei sinne, wyn en sûn ferstân
De wrâld net mear besmeure
Troch beammen te kappen
Plestik yn de see
Dat is oalje op it fjoer
As wy no gjin stappen sette
Betelje sy dat letter djoer

Refr.
De takomst
De takomst
Dy wurdt steeds mear digitaal
De takomst
De takomst
Wurdt it oait in oar ferhaal?
De takomst
De takomst
Wurdt it ús miskien fataal?
De takomst
De takomst
Sprekt dy aanst noch ús taal?

De takomst
De takomst

YNSTRUMINTAAL

OER IT NÛMER

Muzyk en produksje: Raynaud Ritsma en Dirk-Lennart Hogeveen
Skoalle: De Brêge, Skarsterbrêge